FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

De FNP yn Fryslân DOK op 30 novimber 2014

Omrop Fryslân sjocht werom op lêste fjouwer jier FNP

FNP logo   

De FNP, de Fryske Nasjonale Partij, bestiet sûnt 1962. Fan de oprjochting ôf wie it in aksjepartij en hat foar opskoar soarge. It gong benammen om de Fryske taal en it rjocht op eigen foech. Oare partijen sochten lykwols ek hieltiten mear de barrikaden op. En stadichoan waard de FNP in gewoane partij. Sa gewoan dat op 14 april 2011 Jehannes Kramer as earste FNP’er lid waard fan Deputearre Steaten.

 

 

 

Fryslân DOK sjocht werom op dizze lêste fjouwer jier. It oantal wethâlderszetels is tanommen. Is de FNP feroare yn in bestjoerderspartij? Der wurdt noch wol met grutte ynteresse sjoen nei it ûnôfhinkliksreferindum yn Skotlân, mar de tiid fan de barrikaden is no wier foarby.

 

Fryslân DOK: De FNP

Snein 30 novimber om 17:00 oere en dernei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 29 novimber om 10:30 oere en op snein 30 novimber om 15:30 oere op NPO 2.

__________________________________________________________________________

 

Tekst: parseberjocht Omrop Fryslân



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling