FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Johannes Kramer op' e nij listlûker FNP by Steateferkiezings

Tige drok besochte ledegearkomste

Earste tsien op ALG 21 nov 2014   

Johannes Kramer wurdt op'e nij listlûker foar de FNP by de Steateferkiezings yn maart 2015. Hy is ek wer kandidaat-deputearre. Dat wie de útkomst fan in tige drok besochte gearkomste op 21 novimber yn Wurdum, dêr't de leden de FNP list definityf fêststeld hawwe. Nûmer twa op de list is nijkommer Corlienke de Jong fan Jutryp.

 

Ultsje Hosper, FNP foarsitter

Reaksje? ultsje.hosper@fnp.frl

 

 

Ofrûne freed hawwe yn in grôtfolle seal sa'n 130 opteine leden de list fan de FNP foar de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten foar takommend jier fêststeld. It is in list mei jong en âld, man en frou, ferspraat oer de provinsje. De FNP wol de grutste partij fan Fryslân wurde en wol dat berikke mei in dúdlik en helder program, in entûsjaste  kampanje mei belutsen frijwilligers en in list mei goede kandidaat steateleden. De partij sjocht hjirfoar folop kânsen. Lokale partijen dogge it de lêste jierren poerbêst. De FNP groeit alle jierren en is fan betinken dat se op 18 maart de grutste Fryske partij wurde kinne.

 

De earste tsien fan de list:

  1. Johannes Kramer, Sibrandabuorren.
  2. Corlienke de Jong, Jutryp
  3. Sybren Posthumus, Reduzum
  4. Wopke Veenstra, Boelensloane
  5. Klaas Fokkinga, Nes
  6. Rein van der Wal, Surhústerfean
  7. Saapke Voolstra, Drachten
  8. Albert Seldenrust, Ljouwert
  9. Ate Eijer, Jobbegea
  10. Auke Bijlsma, Terherne

Annigje Toering fan Mantgum, no noch fraksjefoarsitter fan de FNP yn Provinsjale Steaten, is listtriuwer.


Oanhingsel(s):
Definitive FNP kandidatelisten 2015


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling