FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

FNP by earste 100 *.frl pionieradressen

Nij ynternetdomein begjin desimber online

FRL ekstensie 2   Begjin desimber giet www.fnp.frl online as nij ynternet domein. De FNP sit by de earste 100 *.frl pionieradressen. De partij hat har daliks oanmeld foar sa'n *.frl pioniersadres. Neffens it bestjoer in logysk ferfolch op de ynset fan de FNP. "We wienen de earste politike partij dy't dit idee fan in *.frl domein op ynternet fan herte stipe. Wy binne der ek wiis mei dat der no al mear as 1500 oanfragen foar in *.frl ekstinsje yntsjinne binne. En dêr komme der noch folle mear by." 

 

De FNP sil der alles oan dwaan om it *.frl-domein út te dragen en sil begjin desimber mei har dan fernijde hiemside daliks oerstappe op de nije domeinnamme "FNP.frl". Ek sil de *.frl ekstinsje dan daliks brûkt wurde yn alle publike mail adressen, mear as 300, dy't yn gebrûk binne en trochfierd wurde op fisitekaartsjes en oar promoasje materiaal.

 

Ek sil de partij in bydrage leverje oan de promoasje fan it .frl-domein en sil har ynfloed brûke om alle publike websides ûnder de *.frl ekstinsje te bringen. De side nic.frl, dêr't organisaasjes har oanmelde kinne foar in *.frl adres, wie allinnich yn it Nederlânsk. De FNP hat oanbean om dizze side yn it Frysk oer te setten.  Dat hat de oanbelangjende organisaasje ûnderwilens ek al útfierd.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling