FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Provinsjaal FNP program 2015-2019 fêststeld

Referindum: soarch foar de mienskip

Ultsje Hosper portret   

De FNP hat freed 7 novimber yn de algemiene ledegearkomste yn Wurdum it ferkiezingsprogramma fêststeld foar de Steateferkiezings op 18 maart 2015. Spearpunt yn it ferkiezingsprogramma fan de FNP is de soarch. De FNP wol yn 2018 nei in brede diskusje in ôfslutend referindum oer de fraach oft de provinsje in beslissende stim krije moat yn it behâld fan foldwaande en tagonklike sikehûssoarch yn de regio.

 

Klik hjir nei it fêststelde program as *.pdf

 

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter

Reaksje? Mail ultsje.hosper@fnp.frl

 

 

Kandidaat listlûker Johannes Kramer nimt de Sionsberg yn Dokkum as foarbyld: ‘Sa as it giet mei de Sionsberg is in foarbyld fan hoe't it net moat. Datselde kin Drachten, It Hearrenfean en Snits ek oerkomme. De soarchfersekerders binne baas. De mienskip stiet machteleas. Dat moat oars. Den Haach is te fier fuort en hat de mûle fol fan merkwurking, de gemeenten bin te drok mei de desintralisaasje. Derom moat it foech oer de sprieding fan sikehuzen nei de provinsje.'

 

In twadde spearpunt is it behâld fan it iepen lânskip. Net ien wynmûne der mear by en besteande mûnen opromje. Gjin nij asfalt en beton, mar krekt ynvestearje yn maatregels dy't it lânskip iepen, eigen en grien hâlde. Mear romte foar agrarysk natuerbehear, in ferantwurde groei fan de molkfeehalderij. Johannes Kramer: ‘Us Fryske mienskip kin net sûnder ús Fryske lânskip en dêr moat ús Fryske oerheid noed foar stean.'

 

Fansels bliuwt de FNP fêsthâlden oan de tradisjoneel sterke punten fan de partij sa as fersterking MKB troch aktyf eksport- en lobbybelied fan de provinsje, behâld fan de provinsje Fryslân en mear jild nei Omrop Fryslân: in werkenbere omrop mei alle dagen minimaal 2 oeren Fryske televyzje.

 

FNP foarsitter Ultsje Hosper fynt dat de FNP mei dit program in alternatyf delset foar dy minsken dy't gjin betrouwen hawwe yn de Haachske polityk: ‘As dé partij foar Fryslân biede wy in perspektyf. Net om inkeld mar fan de sydline ôf te roppen en te razen, mar ek om ferantwurdlikheid te nimmen, sa dat der ek wier wat feroaret. Bygelyks it kearen fan mear wynmûnen op it lân.'

 


Oanhingsel(s):
FNP programma 2015-2019 definityf


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling