FNP Fryslân
Nijs

Skriftlike fragen oer nijbou De Warren Burgum

De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de bouplannen fan 300 wenten yn Burgum-West, ek wol ‘de Warren’ neamd. It docht bliken dat der wjerstân is by omwenjenden tsjin de bou oan ‘de Warren’. Omdat der noch ynwreidingsmooglikheden binne yn Burgum en oare doarpen fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat de FNP-Steatefraksje hjir grutte muoite mei.

Okkerdeis wie yn de Ljouwerter Krante in opiny-stik te lêzen fan in stikmannich ynwenners fan Burgum oer de bouplannen foar it gebiet ‘de Warren'. De ynwenners wize op it kwetsbere gebiet dêr't in soad greidfûgels te finen binne. De FNP fynt dat it gjin doel hat dêr te bouwen. Der binne wol oare plakken yn en om Burgum wêr't noch romte is. Boppedat fynt de fraksje dat ek yn oare doarpen bouwd wurde kin, as dêr ferlet fan is.

 

It bouplan bringt in splitsing fan it doarp Burgum mei him mei, net allinnich troch de beëage lokaasje mar ek gefoelsmjittich. Fierder freget de FNP him ôf wat it nasjonale en provinsjale belied is by bou op kwetsber bûtengebied.

 

"Wy as FNP hawwe de beskerming fan greidfûgels heech", seit wurdfierder Klaas Fokkinga, "en wy moatte ek earst sjen nei mooglikheden fan ynwreidzjen yn it wengebiet sels foardat in bûtengebiet oantaaste wurdt troch nijbou". De FNP is fan betinken dat nijbou yn dit gebiet net moatte soe en freget oan Deputearre Steaten oft der noch in mooglikheid is om nijbou yn ‘de Warren' noch te kearen.

  


Oanhingsel(s):
Gemeente_Tdiel.png
FNP_Skriftlike_fragen_De_Warren_Burgum.pdf


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling