FNP Fryslân
Nijs

Oprin faklju yn ambachtsdoarp De Jouwer

Der is grut ferlet oan fakminsken. De FNP wol dêr omtinken oan jaan. Dêrom hâldt de partij op freed 18 jannewaris yn ambachtsdoarp De Jouwer (T)sjoch faklju! Dat is in mini-sympoasium én in earbetoan foar faklju. ,,Dy fertsjinje yn Fryslân grutte romte’’, seit Corlienke de Jong fan de FNP.

Prachtige beroppen lykas de lytse timmerman, de klompmakker, de ynstallateur en de reitdekker stean ûnder druk. Nij personiel is hast net te finen. Wat kin de polityk dêr oan feroarje? Corlienke de Jong, sels dosinte oan it ‘Friesland College’, hat yn de Fryske media al suggestjes dien. Lykas mear (finansjele) wurdearring, ambachten romte jaan yn doarpsstrjitten sadat bern wer belangstelling krije om in fak te learen en in fakatuerebank foar ‘masters’ en learlingen. Mar no wol de FNP de fakminsken sels hearre.

 

Werfbaas Aaldert de Jonge stelt jachtwerf De Jong, sûnt 1653 de kreamkeamer fan houten skippen, beskikber foar de moeting. Sjoernalist Roelof Lousma (Omrop Fryslân) sil trije minsken út de praktyk befreegje. Dêrnei is it wurd oan de seal. Eltsenien is fan herte wolkom om hjir by te wêzen! Oanmelde is net needsaaklik, mar in berjocht oan ambachten@fnp.frl is altyd goed!

 

Tiidstip: freed 18 jannewaris 2019 fan 16:00 oant 18:30 oere
Lokaasje: Jachtwerf De Jong, Slachtedyk 7-B De Jouwer

 

16:00 oere: Ynrin
16:30 oere: Wolkomstwurd Corlienke de Jong (FNP)
16:40 oere: Fraachpetear ûnder lieding fan Roelof Lousma mei:
- Sjouke Ridzert Veenstra (reitdekkersbedriuw Douwe Veenstra & Zn. Stiens)
- Henk de Vries (manager fakmanopliedingen Technyk Friese Poort)
- Johannes Boonstra (direkteur Wetsus oer de link fan it wetterinstituut mei it MBÛ)
17:10 oere: Yn petear mei de seal
17:30 oere: Freedtemiddeislokje mei live muzyk fan Sander Metz (Van Geeft 'M)


Oanhingsel(s):
FNP_Utnoeging_Sjoch_Faklju_FB.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling