FNP Fryslân
Nijs

Kom mei alternativen foar djoere advysburo’s

De FNP-Steatefraksje tsjinnet kommende woansdei (23 jannewaris) in moasje yn om minder gebrûk te meitsjen fan djoere eksterne advysburo’s. Oanlieding is it Rekkenkeamerrapport oer de evaluaasje fan grutte projekten. Dêr stiet yn dat de lêste jierren faak in berop dien is eksterne consultants of advysburo’s. De FNP wol neigean oft dat mear yn eigen hûs kin of dat in ûndersykssjoernalist it wurk fan de provinsje kritysk besjocht.

Oan eksterne ûndersiken troch consultants en advysburo's hinget meastentiids in (fiks) priiskaartsje. Yn de measte gefallen is de provinsje Fryslân tsientûzenen euro's kwyt, wylst der ek in eigen ûndersyksôfdieling is. De FNP fynt dat it dêrom goed is om altyd stil te stean by de fraach oft it goedkeaper en mooglik ek better kin.

 

Soks hoecht net daliks te betsjutten dat de kwaliteit fan de rapporten minder wurdt of dat de ûnôfhinklikens yn it geding komt. Ommers de Noardlike Rekkenkeamer  makket yn syn ûndersyk kompliminten foar de ûndersyksôfdieling fan de provinsje.

 

Dan giet it oer in rapportaazje oer de effekten fan ‘Talint foar Fryslân'. Dy rapportaazje yn eigen hûs wurdt sels as in best practice betitele. In oar alternatyf, it wurk dwaan litte troch in ûndersykssjoernalist, fynt de FNP ek treflik. Dat idee hat deputearre De Rouwe op 9 jannewaris nei foaren brocht as reaksje op it FNP-útstel.  

   

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP: ''Yn in tiid fan weromrinnende finânsjes fan de provinsje moatte jo altyd kritysk wêze op de kosten. Wy prate wol oer mienskipsjild. As saken goedkeaper yn eigen hûs dien wurde kinne mei minimaal deselde kwaliteit dan moatte wy dêrfoar kieze. It jild dat útsparre wurdt kin nei projekten fan de mienskip of nei belestingferleging.''


Oanhingsel(s):
noordelijke_rekenkamer.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling