FNP Fryslân
Nijs

FNP: garânsjes foar takomst Fryske Akademy

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Fokkens oer de aktuele posysje fan de Fryske Akademy (FA). Neffens eigen sizzen hat de Keninklike Akademy fan Wittenskippen (KNAW) feitlik al ôfskied nommen fan de Akademy as ferbûn ynstitút. De FNP wol garânsjes dat in nije posysje yn it wittenskipsbestel net ten koste giet fan de FA. De ferbining mei de KNAW wie dêr altyd hiel wichtich by.

Opheldering

FNP wol no witte oft de berjochten op de webside fan de KNAW klopje, dat de FA formeel en feitlik al net mear behannele wurdt as KNAW-ynstitút. De steatefraksje wol  opheldering oft de Provinsje al tastimming jûn hat foar in feroaring fan de saneamde Liearringsoerienkomst tusken KNAW en Akademy. Yn de jierrekken 2018 fan de FA is al sprake fan in ‘genomen besluit'. Wurdfierder Corlienke De Jong sprekt út namme fan de FNP har noed út. ‘Rint de KNAW mei dizze stap net foar de muzyk út? Om de besteande bestjoerlike ôfspraken oer de Akademy te feroarjen binne no teminsten fjouwer partijen nedich: de Provinsje, de Minister, de KNAW en de Akademy sels. Sa lang at se yn ûnderhanneling binne rint elk op aaien. Dan komt it hiel nuver oer dat ien fan de partijen feitlik al foarút rint op in winske takomstige situaasje dêr't de partijen it noch hielendal net oer iens wurden binne. Boppedat, as in nije tekst fan dy Liearringsoerienkomst gjin praktyske gefolgen hawwe soe foar de Akademy, wêrom kin de besteande tekst dan net gewoan stean bliuwe?

 

Garânsjes 

De Jong freget wat de konkrete gefolgen foar de Akademy binne as mei in nije tekst gjin ‘rjocht' mear is op de fasiliteiten fan de KNAW, mar dat dêr in ‘berop' op dien wurde kin. Hokker ‘fasiliteiten' hat de FA op dit stuit krekt rjocht op?  En hokker garânsjes kin it Kolleezje fan Deputearre Steaten dan jaan dat de Akademy dochs gebrûk meitsjen bliuwe kin fan alle nasjonale en/of ynternasjonale subsydzjes en fûnsen? Wy wolle ek dat it renommearre Mercator ûndersykssintrum foar meartaligens fierder kin ûnder de wjukken fan de Akademy


Oanhingsel(s):
FNP Skriftlike fragen Relaasje Fryske Akademy-KNAW en nije liearringsoerienkomst
Fryske Akademy


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling