FNP Fryslân
Nijs

FNP wol dat de rotonde by Marsum gau ferbettere wurdt

FNP wol dúdlikheid en aksje oangeande de rotonde by Marsum-West. Dy rotonde is net berekkene op al it ferkear dat deis fan Noardwest Fryslân nei de Heak om Ljouwert en werom rydt. Nei de iepening fan de Middelseewei (N398) is it op de Westergoawei (N383) in stik drokker wurden. Dit laat ta ferkearsopstoppings en gefaarlike situaasjes, ek foar fytsers dy’t hjir oerstekke moatte. Om dat te ferhelpen soe yn 2019 de rotonde oanpast wurde en soe der in fytstunnel komme.

Jild al reserveare

Op de provinsjale begrutting foar 2019 stiet dat de besteande rotonde Marsum-West oanpast wurdt om de trochstreaming te ferbetterjen en dat nei ferwachting yn 2019 al in fytstunnel realisearre wurde soe om reden fan de ferkearsfeilichheid. Dêrfoar wie in bedrach fan 770.000 euro begrutte, ynklusyf in bydrage fan 150.000 euro yn 2017 fan it eardere Menameradiel, no gemeente Waadhoeke.

 

Gefaarlike situaasjes
Yn 2013 is de Middelseewei offisjeel iepene. Dit soarget foar folle mear ferkear op de Westergoawei. Wurdfierder Sijbe Knol: ‘Moarns stiet it ferkear by Bitgum al stil en middeis stean de auto's al fier foar de ôfrit op de Heak stil. Boppedat is it foar fytsers hast net te dwaan om oer te stekken.


Wannear aksje?
De rotonde leit der op it stuit lykwols noch krekt sa by leit as in pear jier lyn. De fraksje fan de FNP wol witte wat no de stân fan saken is oangeande de taseine ferbetteringen oan de rotonde fan Marsum. Knol: ‘Der is jild foar begrutte, elkenien is it der oer iens dat der wat barre moat, mar de skep is noch net de grûn yn. Wêrom eins net? En op hokker termyn kinne wy aksje ferwachtsje?'


Oanhingsel(s):
FNP Skriftlike fragen Rotonde Marsum
Rotonde Marsum


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling