FNP Fryslân
Nijs

FNP: aksje fan Provinsje yn De Haach tsjin ferhierdersheffing

De FNP wol dat de provinsje aksje ûndernimt tsjin de ferhierdersheffing. Oanlieding binne alarmearjende berjochten fan wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland. Troch de stiging fan de ferhierdersheffing kinne sy 500 wennings net ferduorsumje en 120 wennings net ferfange. Boppedat binne de kosten foar de hierders de ôfrûne jierren al enoarm omheech gien.

Hierders twa kear de dupe

Yn 2016 moasten de korporaasjes 1,5 miljard euro betelje oan it Ryk oan ferhierdersheffing. Dit rint op nei 2,5 miljard euro yn 2020. De FNP wol witte hoefolle jild der fanút Fryslân wei nei De Haach brocht wurd en dêrtroch net te ‘n goede komt oan de urginte opjeften yn Fryslân. Tink bygelyks oan de ferduorsuming fan huzen, it opknappen fan wennings tsjin de ferpaupering en it leefber hâlden fan it plattelân. Wurdfierder wenjen en leefberens Sijbe Knol: ‘De hierders binne no twa kear de dupe. Troch de heffing is de hier al heger, mar ek de enerzjykosten sille nei alle gedachten mear stiigje'.


Brânbrief

De FNP ropt de provinsje op om in brânbrief nei De Haach te stjoeren en dêrby op te arbeidzjen mei de oare provinsjes binnen it ferbân fan it Ynterprovinsjaal Oerlis (IPO)  en ek mei de gemeenten fia de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG). Sa kinne wy ien sterk lûd yn De Haach hearre litte.


Oanhingsel(s):
wenje yn fryslan
FNP Skriftlike fragen ferhierdersheffing


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling