FNP Fryslân
Nijs

FNP stelt fragen oer feilichheid brêgen yn Fryslân

Te folle steuringen; yn de Steaten fan 25 septimber stelt de fraksje fan de FNP mûnlinge fragen oer de feilichheid fan brêgen yn de provinsje Fryslân. Oanlieding binne de steuringen fan de Burgumerdaam-brêge en fan it betsjinningsproses fan seis brêgen fan Skûlenboarch út. Dy steuringen hiene ûnfeilige situaasjes ta gefolch.

Wurdfierder Lanlik Gebiet, Natuer en Lânbou Wopke Veenstra: ‘Der binne by de steuring minsken oer de autodyk, troch it akwadukt yn de Sintrale As fytst, dat wie libbensgefaarlik.' De FNP wol fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat der oan dien wurdt om sokke situaasjes yn de takomst foar te kommen.

 

 

Feilichheid fan op ôfstân betsjinbere brêgen
Wopke Veenstra: ‘By de oerdracht fan it Prinses Margrietkanaal nei Rykswettersteat waard tasein dat der in evaluaasje komme soe oer de betsjinning. Neffens ús hat dy nea plak fûn, mar mei it each op de problemen fan dizze simmer liket it ús needsaaklik dat dy evaluaasje no sa gau mooglik komt.' De FNP wiist dêrnjonken op in rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid oer op ôfstân betsjinbere brêgen yn Nederlân. De FNP fraksje hat noed oer de feilichheid en wol fan it Kolleezje witte oft de knyppunten dy't yn it rapport neamd wurde ek foar brêgen yn Fryslân jilde.

 

Foto: De Vries Media 

 

 

 

 


Oanhingsel(s):
Mûnlinge fragen feiligens brêgen
Burgumerdaambrêge


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling