FNP Fryslân
Nijs

Fragen oer bestriding skealike Jabikskrúswoartel (Jacobskruiskruid)

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de bestriding fan de Jabikskrúswoartel (Sint Jacobskruiskruid) en Stikels (Distel). Oanlieding binne sinjalen dat de fersprieding fan de skealike planten út provinsjale bermen wei wer hieltyd mear tanimt. It Jabikskrûd is giftich foar melkfee en hynders.

Feroardering

De Provinsje hat yn 2007 op inisjatyf fan de FNP in feroardering fêststeld foar de bestriding fan it Jabikskrûd. Der is ek in provinsjale Stikelferoardering. Der wiene doedestiids in soad klachten fan benammen hynstehâlders oer de fersprieding fan de skealike planten. Reden foar de polityk om yn te gripen. Wurdfierder Wopke Veenstra freget der no op'e nij nei, want de lêste evaluaasje fan de feroarderingen wie al yn 2010. Wat is der ûnderwilens bard, sa is de fraach fan de FNP.

 

Maatregels

Veenstra wol witte hoefolle klachten der per jier binnen komme oer Jabikskrûd en Stikels. ‘Wat docht de provinsje yn it deistige behear fan wegen en bermen noch oan de bestriding fan Jabikskrúswoartel en Stikels? Sjocht it Kolleezje op basis fan meldingen en klachten ek reden om de ‘sliepende' feroarderingen op'e nij te aktivearjen en mei ekstra maatregels te kommen?' Veenstra wol de argumintaasje fan it Kolleezje datoangeande hearre.

 

 


Oanhingsel(s):
FNP skriftlike fragen bestriding Jabikskrûd en Stikels
Jacobskruiskruid


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling