FNP Fryslân
Nijs

Johannes Kramer foar tredde kear FNP deputearre

Yn in spesjale gearkomste fan de Fryske Steaten is it nije kolleezje 2019-2023 fan CDA, VVD, FNP en PvdA beëdige. Foar de FNP hat Johannes Kramer lykas yn 2011 en 2015 no foar de tredde kear de formule ‘Sa wierlik helpe my God almachtich' útsprutsen.

Griene Goud

Johannes Kramer wurdt polityk ferantwurdlik foar de ûnderwerpen Lânbou en lânboutransysje, Agrarysk Natuerbehear, Leefberens, Plattelânsbelied, Vitaal Plattelân en Streekaginda's, Regionale gearwurking, Erfgoed en argeology, wenjen en EU/Comité van de Regio's. Foar in grut part saken dy't hy ek al yn portefúlje hie.

 

Kramer is fan betinken dat dizze ûnderwerpen goed by him en de FNP pasje. En syn ûnderfining wurdt rûnom sjoen as wichtich foar de kontinuïteit fan it belied. Oer syn motivaasje: ‘Us natuer en ús lânbou bin tige wichtich foar ús provinsje. Dat is ús griene goud dat wy beskermje en fersterkje moatte. Wy meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk. Mei de streek fan ûnderen op wurkje foar de mienskip.'

 

Lok op 1

Foar it ynhammerjen fan it Kolleezje wie der in debat oer it bestjoersakkoart. Motto fan dat akkoart is ‘Lok op 1'.  Dit nei oanlieding fan de ûndersiken dy't útwize dat Fryslân dan wol net de rykste provinsje is, mar wol de provinsje mei fierwei de measte ‘brede welvaart'. De saneamde ‘Fryske Paradox'. Kramer: ‘Net it saneamde ekonomyske fazeferskil, de sabeare ôfstân fan de fleispotten fan it Westen mar krekt de eigen krêft fan de regio stiet sintraal.'

 

Kramer hat yn syn ynbring sein dat der in soad fan de FNP yn it akkoart sit. In Aksjeplan Frysk mei 25% mear foar taal en ûnderwiis, minder wynturbines op lân, in Taskforce foar de Fryske enerzjytransysje, trochsetten fan it suksesfolle Iepen Mienskipfûns foar de mienskip. Foarnimmens moatte no omset wurde yn dieden, sa konkludearre de FNP foaroanman. ‘It is mei sizzen net te dwaan. Want de skoalbern fan hjoed, dat binne de nije kiezers yn 2023. Wy sille no mei inoar ûnderweis. Tank oan elts dy't hjir oan meiwurke hat en meiwurkje sil.'

 

 

 

Foar mear ynformaasje oer it nije deistich bestjoer fan de Provinsje en de krekte portefúljeferdieling fan de deputearren, klik nei https://www.fryslan.frl/bestjoer/deputearre-steaten_3841/

 

 


Oanhingsel(s):
Johannes Kramer


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling