FNP Fryslân
Nijs

De enerzjytransysje berêst op draachflak en in realistysk tempo

Der komt in Fryske Taskforce enerzjytransysje. Dy moat de Regionale Enerzjy Strategy (RES) hannen en fuotten jaan as útwurking fan it Klimaatakkoart fan Parys en it lanlike Klimaatakkoart.

Prinsipe 1

Enerzjybesparring foar alles; de provinsje ynvestearret ek (wer) yn regelingen foar partikuliere wenningen.

 

Fryske Taskforce Enerzjytransysje 

Der komt in Fryske Taskforce Enerzjytransysje. Dy moat de Regionale Enerzjy Strategy (RES) hannen en fuotten jaan as útwurking fan it Klimaatakkoart fan Parys en it lanlike Klimaatakkoart.

Gjin nije wynparken, reduksje tal solitêre wynmûnen, beheining tal en hichte oerbliuwende turbines.

Geotermy en wetterstof in wichtich ûnderdiel fan de duorsume enerzjymiks yn Fryslân.

 

Draachflak en realistysk tempo 

De enerzjytransysje berêst op draachflak en in realistysk tempo; giet net ten koste fan de lytse beurs.

Wy wolle dat de enerzjytransysje net ten koste giet fan it Frysk lânskip dêr't dat net passend te krijen is ‘wy meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk', mar wol wat opleveret foar de Fryske mienskip.

 

Fryslân dekt aanst yn it foarste plak syn eigen enerzjyferlet, wy leverje no nei ferhâlding al mear as dat der ynwenners binne. Wy ferwachtsje dat as Fryslân in bydrage leveret oan de klimaatopjefte, it oplossen fan problemen earne oars, lykas mei de reduksje fan de CO2-útsjit fan de feangreide, dat it Ryk en oaren dan ek rekkening hâlde mei wat de mienskip hjir bydrage kin en wol.

 

FNP docht it! #6

Sjoch ek ús berjochten út de ferkiezings
Bloch fan Wopke Veenstra:"Lit it lânskip net ferliezer wurde fan it jild!"  
Op 13 maart, de dei fan it nijs oer it klimaatakkoart, spruts FNP-steatelid Sybren Posthumus mei de saakkundigen Tsjeard Hofstra fan Urgenda en mei de ferneamde miljeu-amtner Bouwe de Boer. 


Oanhingsel(s):
energietransitie


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling