FNP Fryslân
Nijs

Besteande ynfrastrukturiele knyppunten wurde oanpakt

Fryslân is in prachtige provinsje om te wêzen en te libjen, foar ynwenners en toerist. Foar elts is it derby fan belang dat m’n feilich en flot reizgje kin. Dêrom pakke we besteande knyppunten oan.

Der komme dizze perioade ôfspraken mei it Ryk oer akwadukten Skarsterrien en Boalsert.

Der is úteinset mei de ferromming fan de slûs op Koarnwertersân yn de Ofslútdyk.

It tal deaden en ferwûnen op de Fryske wegen rint tebek. Troch ynvestearje yn feilich ferkear.

 

Rombaan foar de fytser 

De provinsje formulearret mear en offinsiver nij fytsbelied. Der binne aanst minimaal fjouwer nije haadfytsrûtes foar de langere ôfstân realisearre.

 

Iepenbier ferfier 

It iepenbier ferfier op it Fryske plattelân is yn de nije konsesje minimaal lykweardich oan it hjoeddeistige.

Der komme ôfspraken mei it Ryk oer it ferfangen fan de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal troch in spoar-akwadukt.

 

Foech: de konsesjeferliening foar de sprintertsjinsten tusken Ljouwert en Swol is desintralisearre nei Fryslân.

Foech: der binne ôfspraken oer oerdracht fan de konsesjeferliening foar de Waadfearen nei de provinsje Fryslân. Dat makket foar de reizgers aanst in optimale oansluting fan trein en bus nei de fearboat mooglik.

 

 FNP docht it! #5


Sjoch ek ús berjocht út de ferkiezings
Kramer over een snellere treinverbinding met de Randstad: "Regel dat het Noorden dichterbij komt te liggen"  


Oanhingsel(s):
ferfier yn fryslan


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling