FNP Fryslân
Nijs

Winst foar EFA-susterpartijen FNP yn Europa

De regionale partijen yn Europa hawwe it goed dien mei de Europeeske ferkiezingen. De Europeeske Frije Alliânsje (EFA), dêr't de FNP by oansletten is, groeit fan 12 nei 13 sitten. De EFA foarmet yn Brussel ien fraksje mei de Grienen (EFA-Greens), dy't as gehiel ek wakker sukses hat.

Skotlân

De 13 sitten fan de EFA komme út respektivelik: Flaanderen (N-VA, 3), Skotlân (SNP, 3), Wales (Plaid Cymru, 1), Korsika (1), Kataloanje (2), Baskelân/Galisië (1), Letlân (1) en Dútslân (1). It tal stimmen op EFA-partijen yn hiel Europa is fan 3,4 miljoen nei 3,8 miljoen gien. Benammen de pro-Europeeske SNP yn Skotlân hat it poerbêst dien mei 9% winst nei 38% fan alle stimmen.

 

Kaaiposysje

Trije fan de seis Skotske fertsjintwurdigers yn Brussel komme no fan de SNP. Yn alle Skotske kiesdistrikten is SNP no de grutste partij wurden; Labour is dêr hielendal fuortfage. Ek de Plaid Cymru yn Wales hat winst boekt ten koste fan de âlde Labour oanhing. Europawurdfierder Sybren Posthumus fan de FNP: ‘De EFA hat it poerbêst dien. Wy wurkje goed gear mei de Greens yn Brussel. Us ynfloed yn it Europarlemint groeit no't de EFA-Greens fraksje nei alle gedachten in kaaiposysje krijt bij de ûnderhannelingen yn Europa.'

 

 

Lês hjir it partijprogramma fan de EFA foar Europa 


Oanhingsel(s):
EFA logo


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling