FNP Fryslân
Nijs

Fragen oer mear romte foar it Frysk by de rjochtbank

Kin de wet feroare wurde om mear romte foar it Frysk te krijen by de rjochtbank? Benammen no’t hieltyd mear rjochtsaken mei Frysktaligen ôfdien wurde bûten Fryslân? De fraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer dizze kwestje oan Deputearre Steaten.

Spesjalisaasje

Oanlieding foar de fragen fan FNP-wurdfierder Corlienke de Jong is it pleit fan strafrjochtadvokaat Van der Goot foar de Franeker Academie okkerdeis. Hy sjocht hieltyd faker saken mei Frysktalige fertochten en/of tsjûgen dy't fanwege it ûnderwerp trochferwiisd wurde nei spesjalisearre rjochtbanken bûten Fryslân. De Jong: ‘Op dy wize wurdt it rjocht op Frysk praten hieltyd mear in papieren tiger. De wetjouwer hat sa't it liket by it fêststellen fan de Wet Gebrûk Fryske Taal it effekt fan dy spesjalisaasje fan rjochtbanken op de posysje fan it Frysk net foarsjoen.'

  

Justysjestêd

De FNP is fan betinken dat rjochtsaken dy't har yn Fryslân ôfspylje of dêr't meast ynwenners fan Fryslân by belutsen binne, yn it foarste plak yn Ljouwert behannele wurde moatte. De tendins fan spesjalisaasje yn it rjocht docht sa slûpenderwiis ek ûnderstek oan de posysje fan Ljouwert as folweardige justysjestêd, sa fynt De Jong. ‘It behâld fan ‘Ljouwert' is earder tasein. Fansels kin it ôfdwaan fan Frysktalige rjochtsaken hjir ek oan bydrage. Wy wolle witte hokker prikken de provinsje yn it wurk hat om te wurkjen oan dit doel.'


Oanhingsel(s):
FNP skriftlike fragen Frysk by de rjochtbank
Rjochtbank
Antwurd op FNP fragen Frysk by de rjochtbank


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling