FNP Fryslân
Nijs

FNP: opheldering oer efterbliuwen Europeeske subsydzjes

De FNP-Steatefraksje freget oandacht foar it efterbliuwen fan Europeeske subsydzjes foar Fryslân. Kommende woansdei sil de partij dêr yn de Steaten fan Fryslân in moasje oer yntsjinje. De FNP wol dat in goede analyze makke wurdt wat der oan de hân is. Oan de hân fan de oarsaken kin dan wurke wurde oan ferbettering en mear jild foar Fryslân út ‘Brussel’.

Undersyk  

Advysbureau ERAC hat ûndersyk dien nei de Europeeske subsydzjes en dêr kaam út dat Grinslân mar leafst € 289 miljoen krigen hat tusken 2014 en 2020 en Fryslân € 64 miljoen. Omrekkene nei it tal ynwenners krigen Grinzer bedriuwen, skoallen en oerheden 1500 euro de persoan oan Europeeske subsydzjes takend. Dat is fjouwer kear mear as by Friezen.

 

Oarsaken 

"Wêr komt dat hiel grutte ferskil no wei?", freget Sybren Posthumus fan de FNP him ôf. "Wêrom hat bygelyks in provinsje as Grinslân safolle Europeeske subsydzjes en Fryslân safolle minder?" De FNP wol oer de oarsaken in analyze fan deputearre Sander de Rouwe.

 

Universiteit 

Neffens Posthumus is it net hawwen fan in universiteit yn alle gefallen ien fan de oarsaken dat Grinslân mear Europeesk jild krijt as Fryslân. "Je sjogge dat alle provinsjes dêr't in universiteit is substansjeel mear krije as oare provinsjes."


Oanhingsel(s):
2019_05_22_FNP_moasje_analyze_efterbliuwen_EU_Subsydzjes.pdf
Euro_coins_and_banknotes.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling