FNP Fryslân
Nijs

Grutte fraach nei hofkes mei lytse wennings

De FNP hat altyd foar pasjende wentebou yn doarpen west. Nije huzen hâlde in doarp libben en leefber. Mar dat de fraach sa grut wêze soe as yn Berltsum bliken die, dat hie Sijbe Knol nea ferwachte. ,,Dit bewiist dat it noflik wenjen is op it plattelân.’’

It foarbyld foar Fryslân is op dit stuit Berltsum. Op 10 beskikbere hierwenten kamen 155 belangstellenden ôf. In stikje skiednis. 

 

Lyts wenjen foar jongerein

De FNP Menameradiel beskrepte begjin 2017 by de gemeente in ûndersyk nei it ferlet en de boumooglikheden  foar lyts wenjen foar de jongerein. Op in gearkomste hjiroer kamen in hiele soad âldere minsken ôf. It wie in grutte ferrassing dat safolle minsken wenromte sochten yn it eigen doarp. Dat betsjutte dat der earst lytse âldereinwenten boud wurde moasten en dat dêrnei de trochstreaming foar de jongerein fansels op gong komme soe. Dit wie it begjin fan de wurkgroep Kleiner Wonen Berltsum . Sijbe Knol krige op in gearkomst fan Doarpsbelang stipe fan 6 entûsjaste doarpsbewenners. Hja makken in plan foar in hofke mei 12 wenten fan 120.000 euro it stik.

 

Goed betelber foar starters

De wurkgroep ûndersocht it draachflak en de WOZ-wearde fan de hûzen dy't de belangstellende foar in hofke achterlitte soene. Mear dan de helte dêrfan kostet tusken 125.000 en 175.000 euro. Dat is goed betelber foar starters, dus kin de trochstreaming op gong komme.It plan is as proefprojekt dellein by de provinsje. Dr keallet it dreech. ,,Mar ûndertusken bliuwe de minsken entûsjast'', seit Knol. ,,Wy ha spontaan al 35 briefkes troch de brievebus krige mei de fraach wannear we los kinne. Dit moat gewoan trochgean!''Eins soene alle doarpen sa'n âldereinhofke krije moatte, fynt Knol.

 

Beetstersweach, Opsterlân

Yn Beetstersweach ha bewenners ek al plannen makke. ,,Der is wier ferlet. Mar de provinsje hat ynset op bygelyks Ljouwert. Dêr bouwe se oan de súdkant sabearedoarpen, wyslt minsken yn échte doarpen sitte te springen om útwreiding.

Help it bouwen fan mear wenten yn doarpen mei mooglik meitsjen. Stim FNP!


Oanhingsel(s):
33191113_1759869674107484_4984000695909744640_n.jpg
shutterstock_344024741min.jpg
33370065_1759869790774139_3046918652403122176_n.jpg
33434821_1759869604107491_4098260710125993984_n.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling