FNP Fryslân
Nijs

Us ynset foar Súdeast-Fryslân

Op 20 maart giet Fryslân wer nei de stimbus. Wa kieze jo foar de Provinsjale Steaten? Dit is wat de FNP foar jo betsjut yn Opsterlân, it Hearrenfean, West- en Eaststellingwerf. Foto’s: û.o. fan de Flaijelfeesten en www.deskans.nl

Al sûnt 1962 binne wy der foar alle ynwenners fan Fryslân. Wy sette ús skouders ûnder de mienskip, foar mear ynspraak en sizzenskip. Mar foaral ek foar it behâld fan it lânskip, de eigen identiteit en goed wenjen en wurkjen op it plattelân.

 

1. MFC De Skâns op 'e Gordyk gewoan behâlde

De hjoeddeistige Skâns opknappe, de (top)sporthal nei Koartsweagen

Wy binne foar it behâld fan in folweardich multifunksjoneel sintrum op'e Gordyk. Sa as it no liket is der in finansjeel gat foar in nij MFA. Dêrom seit de FNP: ‘modernisearje De Skâns en gean op koarte termyn foar in nije (top)sporthal by Koartsweagen.

 

2. Tsjin leechfleanrûtes Lelystêd

Loftrom Súd-Fryslân earst opnij yndiele

De FNP is tsjin de oerlêst fan de ynplande leechfleanrûtes fan Airport Lelystêd. It loftrom moat earst hielendal opnij yndield wêze ear't Lelystêd útwreidzje kin.

 

3. Nije natuer foar beekdelling ‘Alddjip'

Bioferskaat yn de Hemriker Skarren

Maitiid 2018 makke deputearre Johannes Kramer (FNP) wrâldkundich dat 37 ha nije natuer ynrjochte wurdt foar de beekdelling fan it Alddjip by Olterterp. Der wurde natuerfreonlike wâlskanten oanlein en in tal sleatten wurde minder djip makke. Dit helpt om ferdrûging yn it gebiet tsjin te gean. Boppedat is it goed foar it bioferskaat. Bygelyks foar planten as de dotterblom, bûterblom en soerstâl.

 

4. Stipe foar it Stellingwarfs!

Hert foar de memmetaal en in eigen identiteit

Oktober lêstlyn krige it Nedersaksysk fan it Ryk erkenning as folweardige taal. Om it dúdlik del te setten: it is gjin dialekt fan it Nederlâns. De provinsje Fryslân hat har hjir bot foar ynsetten. Dat eltsenien syn memmetaal kin en brûke mei is foar de FNP essinsjeel. It befoardert it wolwêzen, in noflik libben.

 

5. Understypjen natuerinklusyf buorkjen yn Súdeast-Fryslân

Finansjele stipe en fertrouwen foar de boeren fan it kollektief ELAN

Sa'n 300 boeren fan ELAN agrarysk natuerbehear kinne de kommende jierren fierder mei it  opkreazjen fan de streek. Mei it behear fan beamwallen, wâlskanten fan beekdellingen en greidelân foar fûgels is der in ynvestearring yn (takomstige) natuer mooglik. As deputearre  foar de lânbou hat FNP'er Johannes Kramer him fanôf it begjin sterk makke foar natuerbehear mei de boeren. Foar de mienskip!

 

6. Doarpen, stêden en wenwiken wurde stipe mei 15,8 miljoen út it Iepen Mienskipsfûns

De FNP stie oan de widze en wol fierder mei dit súkses

It brûst yn Fryslân fan de inisjativen. Deputearre Johannes Kramer: "It IMF ferbynt minsken mei elkoar en liedt ta prachtige resultaten. Yn 2017 hawwe we 319 projekten fan, troch en út de mienskip stypje kinnen mei jild út it Iepen Mienskipsfûns." Mei dat jild wurkje ynwenners oan de leefberens yn harren eigen wyk, doarp, stêd of op ien fan de eilannen te ferbetterjen. Foar projekten yn Súdeast wie der € 390.000 beskikber. Projekten lykas de Turfvaart yn Appelskea en 't Hasker Pompke út Aldehaske krigen jild út dit fûns.


Oanhingsel(s):
Drafsport_Wolvega1.jpg
DeSkansGorredijkGemeenteOpsterlandFotoMarkvanderMeulene13849885091892.jpg
Lindevallei1.jpg
Klokkenstoel_Ureterp_11cw1.jpg
43157246860_1bb51ac864_b1.jpg
Alddjip_Terwispel1.jpg
1200pxLandgoed_oranjewoud_2b.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling