FNP Fryslân
Nijs

Pleit FNP tsjin ôfsjitten greidfûgels krijt Europeeske stipe

De moasje fan de FNP om it delsjitten en de konsumpsje fan beskerme greidfûgels yn Frankryk foar te kommen, hat in romme mearderheid krigen by de Europeeske susterpartijen. Dat hat hjoed bliken dien op it jierlikse kongres fan de EFA yn Brussel. De Europarlemintariërs fan de EFA sille har der no foar ynsette.

De FNP wol dat der in algemien ferbod komt op jacht én konsumpsje fan de beskerme greidfûgels. It giet dêrby benammen om skriezen, mar ek om oare greidfûgels lykas de ljip, tsjirk, strânljip en wylp.

 

Neffens FNP-wurdfierder Wopke Veenstra "raast it oan ‘e protters" dat der yn Frankryk mooglik wer greidfûgels delsketten wurde. "Alle ynspannings dy’t de leafst 3000 frijwilligers fan it BFVW yn Fryslân dogge en de € 9 miljoen ynset fan de provinsje lykje op dizze manier ta weismiten keard. De oantallen skriezen binne sûnt 1960 mei 68% omleech gongen, it wurdt tiid om it tij te kearen."

 

Gearwurking enerzjy

De FNP hat fierder mei súkses oandacht frege foar gearwurking op it mêd fan duorsume enerzjy. De EFA sil oer de lânsgrinzen hinne besjen hoe’t duorsume enerzjy syn plak krije kin. Dat wol sizze, komme mei alternativen foar enerzjyfoarmen dy’t lânskip, natoer of miljeu slim skeine. Moasjes dy’t de FNP stipe hat gean oer mear demokrasy yn de EU en oer it behâld fan moaie lânskippen.

 

FNP’er Olrik Bouma is opnij foar 3 jier keazen yn it EFA-bestjoer. De EFA (European Free Alliance) is in partij mei 11 sitten yn it Europeesk Parlemint. Der binne hast 50 regionale partijen út hiel Europa by oansletten. De FNP is sûnt de oprjochting lid.


Oanhingsel(s):
efa.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling