FNP Fryslân
Nijs

Pak de diskobus nei Berltsum op 15 maart foar de Jûn foar Fryslân

Kom op 15 maart nei Berltsum foar ‘De Jûn foar Fryslân’. De inysjatyfnimmers Sijbe Knol (28, Sint Anne) en Aant-Jelle Soepboer (29, Nijewier) wolle sa sjen litte dat it yn Fryslân noflik wenjen en libjen is.

Programma

20: 00 - 00:30

In jûn mei live muzyk, humor en petear!

Mei ûnder mear: Sylvana IJsselmuidenJohannes Rypma  en JakeDogs 

Presintaasje: Willem Wâldpyk (Omrop Fryslân)
Opnames fan De Fryske Vlogger

En de organisaasjes fan it Veenhoopfestival en de Lammetsymet Sint Anne, Carbid Team Metslawier en de Anjumer feestweinen.

 

Entree

€ 0,- Earste kofje is foar ús. Drankjes foar eigen rekken.

 

Bustiden

Regio-Noard

Twizel 18:30 Tsjinoer Shell Optwizel

kontakt: Tjibbe Brinkman 06-12288092

 

Nijewier 19:00 Bushalte Siercksmawei

kontakt: AJ Soepboer 06-22305899

 

Ferwert 19:30 Eetcafé 't Hoekje Hoofdstraat

kontakt: Hanneke Jouta 06-25132378

 

Stiens 19:45 Carpoolplaats Stiens N393, Middelseedijk

kontakt: Jan Willem Tuininga 06-42149336

 

Berltsum 20:00 Discotheek San Souci, Hemmemaplein 1

 

Regio-Súd

De Jouwer 18:35  Jumbo Geert Knolweg

kontakt: Jochum Meester - 06-28053995

 

Boalsert 19:05 Busstation, Snekerstraat

kontakt: Sicco Rypma 06-38909704

 

Frjentsjer 19:40 Sporthal De Trije, Jan Rodenhuisplein

kontakt: Jurjen Politiek 06-20627543

 

Berltsum 20:00 Discotheek San Souci, Hemmemaplein 1 

 

Mear oer de Jûn foar Fryslân 

Yn 'e Rânestêd wurdt gauris tocht dat it in deade boel is op it plattelân. Mar de regio's binne springlibben! Fryslân hat in bloeiend ferieningslibben dat fan alles organisearret, seit Knol. "Der binne oansprekkende eveneminten en prachtige tradysjes lykas karbydsjitten en optochten. Wy kinne hjir in hiele soad. Wat de minsken meiïnoar delsette, makket my grutsk."

 

Mar guon tradysjes stean ûnder druk. Gemeentlike regeljouwing slacht somtiden troch, troch skaalfergrutting en it tinken yn gefaren, seit Soepboer. Hy rjochte dêrom it FNP-meldpunt foar bedrige tradysjes op. "Jo moatte minsken krekt eignerskip en ferantwurdlikens jaan", fynt Soepboer. "De Fryske doarpsmienskippen libjend hâlde, maatwurk leverje wêr at dat kin!"

 

It meldpunt is ien fan de serieuze ûnderdielen fan de jûn yn discotheek Sans Souci. Frijwilligers fan eveneminten lykas de Biltse Lammetsymet en it Veenhoop Festival fertelle oer knipepunten, mar diele ek oplossings mei de seal. Dêrnjonken is de jûn fral in feest mei muzyk en wille.

 

Publykslûkers binne de jonge aktrise en presintatrise Sylvana IJsselmuiden (Dumpert) en Johannes Rypma, dy’t de seal opwaarmje sil mei in konsert. De organisaasje ferwachtet folk út ’e hiele provinsje, dêrom wurdt de âlde tradysje fan it discoferfier wer ynfierd.

 

Sijbe Knol is riedslid yn de gemeente Waadhoeke en nûmer 3 op de list foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten. Aant-Jelle Soepboer is riedslid yn Noardeast-Fryslân en set him ek yn foar de steateferkiezings.


Oanhingsel(s):
Flyer foar de Jûn Foar Fryslân
Flyer foar de Jûn Foar Fryslân
53248458_2181297435226066_2971877576512897024_n.jpg
Johannes_Rypma.jpg
Veenhoop_Festival.jpg
Optochtweinen_FNP_1.JPG
52964900_2176377285718081_8042688976043114496_o.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling