FNP Fryslân
Nijs

Soargen oer kûlisselânskip tusken Marsum en Berltsum

De FNP-Steatefraksje freget oandacht foar it moaie lânskip oan de westkant fan de âlde Middelsee tusken Marsum en Berltsum. Dêr binne noch tal fan karakteristike eleminten oanwêzich, mar dy wurde bedrige. Tal fan slingerjende sleatsjes binne al dimpt en beamsingels sneuvelje. Kommende woansdei stelt de FNP fragen yn de Steategearkomste.

Direkte oanlieding foar de fragen binne kontakten fan de FNP mei ynwenners út Bitgummole. Dêrneist wurdt yn de LC fan 16 febrewaris 2019 beskreaun hoe’t sokke lanskipsstruktueren en -eleminten yn de omkriten fan Bitgummole de lêste jierren fierder oantaast binne. De Stifting Ringsom Great Terherne hat de Steaten dêr mear as ien kear troch brânbrieven fan op ’e hichte steld. Ek út oare hoeken fan Fryslân wei krije de Steaten geregeldwei berjochten dat lânskiplike wearden en kultuer-histoarysk weardefolle eleminten geandewei ferdwine, ferbrokkelje en soms letterlik ferflakje.

 

Beskerming kultuer-histoaryske struktuer

De FNP sil no op 27 febrewaris freegje hoe’t de beskerming fan kultuer-histoaryske en kultuer-lânskiplike struktueren en eleminten yn de praktyk hannen en fuotten krijt. Dy binne fan provinsjaal belang. De romtelike kearnkwaliteiten fan Fryslân binne dan ek fêstlein yn it beliedsstik ‘Grutsk op ’e Romte’ fan 2012. De provinsje seit dêr sunich op te wêzen. Se moatte dan ek yn de gemeentlike bestimmingsplannen beskerme wurde. De provinsje hifket de bestimmingsplannen hjirop foardat se fêststeld wurde kinne. De gemeente en oare oerheden moatte dêrnei konkrete fergunning-oanfragen, frijstellingen en hanthavening fersoargje.

 

Ynterview op Omrop Fryslân oer de beamsingels

Fia dizze link


Oanhingsel(s):
38694533295_a120cc7f98_o.jpg
38694533295_a120cc7f98_o1.jpg
Koulissen.png
Hege_Wier.jpg
FNP mûnlinge fragen tapassing Grutsk op `e Romte


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling