FNP Fryslân
Nijs

Ynsette op solide takomst Fryske Akademy

De FNP-Steatefraksje wol in solide en robúste wittenskiplike, kwalitative en finansjele takomst fan de Fryske Akademy. Yn fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân freget de partij dêr oandacht foar. Oanlieding is de krekt ôfsletten Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dêr’t yn stiet dat yn de simmer fan 2019 de posysje opnij besjoen wurde sil. De FNP freget no opheldering oer de ynset fan it Provinsjaal bestjoer.

Wittenskiplik ynstitút  

De FNP wol dat de Fryske Akademy in folweardich en robúst wittenskiplik ynstitút bliuwt, dat as ynstelling ûnder it ynstitúts- en ûndersyksbestel fan de KNAW-flagge operearjen bliuwt. Dat om te waarboargjen dat mei minimaal deselde  hege wittenskiplike noarmen trochwurke wurdt yn de takomst.

 

Sizzenskip 

Om't de provinsje Fryslân alle jierren in grutte finansjele bydrage leveret, is it ek fan belang dat der in grut stik sizzenskip bliuwt oer de takomst fan de Fryske Akademy. Wat de FNP oangiet moat de besteande ‘liearringsoerienkomst' dan ek ynhâldlik, finansjeel en kwa sizzenskip trochsetten wurde.

 

Finansjele posysje 

As lêste wol de FNP witte wat de ynstek fan it Kolleezje fan DS wêze sil om te waarboargjen dat de finansjele posysje fan de Fryske Akademy foar no en yn de takomst solide wêze sil. En om, as dat nedich is, de Akademy dêr by te skewielen.


Oanhingsel(s):
FNP_Skriftlike_fragen_takomst_Fryske_Akademy.pdf
Fryske Akademy
Antwurd op FNP fragen takomst Fryske Akademy


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling