FNP Fryslân
Nijs

Fragen oer "Timpeltsje Ids Willemsma" Marrum

Ut namme fan de Wetterskipsfraksje FNP hat fraksjefoarsitter Jan van der Kooi skriftlike fragen steld oer it ferrotsjen fan it saneamde kuenstwurk "Timpeltsje fan Ids Willemsma" op de seedyk by Marrum.

Hjir folgjen de fragen dy't steld binne oan it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân:

 

   

1e. Kloppet it dat it stielwurk fan it "Timpeltsje fan Ids Willemsma" stiet te ferrotsjen? (rustkjen)

 

2e. Komt dit troch neilitten ûnderhâld en wa is ferantwurdlik foar  ûnderhâlds tasicht?

 

3e. Wa is ûnderhâldsplichtich en finansjeel ferantwurdlik foar dit moaie monumint?

 

4e. At it ûnderhâld foar wetterskip Fryslân blykt te weazen, wat tinkt W.F. der op koarte termyn oan te dwaan sadat slimmer skea foar te kommen is?

 

5e. At ûnderhâld en finansjeel ferantwurdlikens net foar Wetterskip Fryslân is, wat tinkt W.F. der dan oan te dwaan te kinnen?

 

 


Oanhingsel(s):
Tempeltsje_Ids_Willemsma.png


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling