FNP Fryslân
Nijs
07-02-2019 - Ynsette op solide takomst Fryske Akademy
De FNP-Steatefraksje wol in solide en robúste wittenskiplike, kwalitative en finansjele takomst fan de Fryske Akademy. Yn fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân freget de partij dêr oandacht foar. Oanlieding is de krekt ôfsletten Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dêr’t yn stiet dat yn de simmer fan 2019 de posysje opnij besjoen wurde sil. De FNP freget no opheldering oer de ynset fan it Provinsjaal bestjoer.

05-02-2019 - Stim ôf....op ús podcast-útstjoerings
De FNP begjint mei podcast-útstjoerings. In podcast is in djipgeand mar noflik petear op ynternet oer maatskiplike en politike tema’s. De partij wol yn de eigen FNPodcast, as earste partij yn Fryslân, belutsenen en kenners sels oan it wurd komme litte.

29-01-2019 - Soarch oer leefberens by húsfesting tydlike wurknimmers
De húsfesting fan arbeidsmigranten mei net ten koste gean fan de leefberens yn doarpen en stedswiken. De provinsje soe in rol spylje moatte by dit gemeente-oerstiigjende probleem. FNP-Steatelid Klaas Fokkinga hat fragen steld oer de kwestje oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

26-01-2019 - Nije bioboeren frijstelle fan belêstingen
De FNP wol boeren dy’t oerskeakelje nei biologyske lânbou finansjeel stypje. Boeren moatte op syn minst twa jier lang frijsteld wurde fan ozb en wetterskipsbelêsting, fynt de partij. Dit is nedich omdat it oergean op biologysk buorkjen de earste jierren net beleane wurdt mei hegere prizen foar bygelyks molke, ierappels of griente.

23-01-2019 - Foarop rinne mei folslein biologyske lânbou
De FNP wol yn de takomst ta nei in 100 prosint biologyske lânbou. Wêrom wol de partij dit en hoe kin dit? Benammen oer dizze fragen hâldt de FNP op freed 25 jannewaris in temajûn natoer en lânbou op de Dairy Campus yn Ljouwert.

21-01-2019 - Kom mei alternativen foar djoere advysburo’s
De FNP-Steatefraksje tsjinnet kommende woansdei (23 jannewaris) in moasje yn om minder gebrûk te meitsjen fan djoere eksterne advysburo’s. Oanlieding is it Rekkenkeamerrapport oer de evaluaasje fan grutte projekten. Dêr stiet yn dat de lêste jierren faak in berop dien is eksterne consultants of advysburo’s. De FNP wol neigean oft dat mear yn eigen hûs kin of dat in ûndersykssjoernalist it wurk fan de provinsje kritysk besjocht.

19-01-2019 - "Faklju helpe oan better imago"
It grutte tekoart oan fakminsken is net maklik op te lossen. De grutste útdaging is it imago fan hânwurk. Bern kieze der dêrtroch net foar in fak te learen. De FNP kin de sektor helpe troch it imago fan hânwurk te ferbetterjen.

11-01-2019 - Oprin faklju yn ambachtsdoarp De Jouwer
Der is grut ferlet oan fakminsken. De FNP wol dêr omtinken oan jaan. Dêrom hâldt de partij op freed 18 jannewaris yn ambachtsdoarp De Jouwer (T)sjoch faklju! Dat is in mini-sympoasium én in earbetoan foar faklju. ,,Dy fertsjinje yn Fryslân grutte romte’’, seit Corlienke de Jong fan de FNP.

08-01-2019 - Fragen FNP yn Europeesk Parlemint
Ljouwert – De FNP stelt fia de Europarlemintspartij EFA fragen oer de kontenerramp dy’t de ôfrûne wike plakfûn hat. De FNP trunet mei de fragen oan op it better neilibjen fan de feilichheidsregels, op it folslein fergoedzjen fan de skea en op it oprêden en op it werom finen fan oerboard sleine konteners.

05-01-2019 - Kom nei de kampanjestart 2019 yn Boalsert
Wolkom op de kampanjestart fan de Steateferkiezings fan 20 maart 2019! Mei de jierlikse nijjiersgearsit pakke bestjoer, de ôfdieling Súdwest-Fryslân en in kampanjetiim út op sneon 5 jannewaris yn Boalsert.

27-12-2018 - FNP begjint meldpunt bedrige doarpstradysjes
Fryske plattelânstradysjes stean ûnder druk troch gemeentefúzjes en nije regels. Optochten mei fersierde weinen stean faai en karbydsjitten wurdt op guon plakken muolik makke. De FNP begjint dêrom in provinsjaal meldpunt foar klachten oer trochsketten regeljouwing.

20-12-2018 - Deputearre Steaten


19-12-2018 - Krystreses fraksjekeamer FNP Steatefraksje


19-12-2018 - Algemiene skôging Begrutting 2019


17-12-2018 - Heakje Hafabra ta oan Fryske keunstynfrastruktuer
De FNP is fan betinken dat Hafabra in folle better plak krije moat yn de Fryske keunstynfrastruktuer. Dêrom sil de FNP-fraksje yn de Steategearkomste fan 19 desimber in amendemint yntsjinje om dizze muzyksektor der noch al yn te ferfrisseljen.

12-12-2018 - FNP: skriftlike fragen oer nijbou De Warren Burgum
De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de bouplannen fan 300 wenten yn Burgum-West, ek wol ‘de Warren’ neamd. It docht bliken dat der wjerstân is by omwenjenden tsjin de bou oan ‘de Warren’. Omdat der noch ynwreidingsmooglikheden binne yn Burgum en oare doarpen fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat de FNP-Steatefraksje hjir grutte muoite mei.

09-12-2018 - Faklju yn Fryslân fertsjinje grutte romte
Leare, leare, leare. Sa folle mooglik bern moatte nei de havo of it vwo. Dêrnei troch nei it HBO en de universiteit fansels, oars telle jo net mei. Al dy studinten wurde oplaat foar in kennisberop. Dat is op himsels moai, mar ús maatskippij ferjit wat: de minsken dy’t wat kinne mei de hannen en in fak leare.

07-12-2018 - Problemen TopDutch: hat Fryslân profitearre?
De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de problemen by TopDutch. Oan de iene kant binne der grutte fraachtekens oer de resultaten fan de kampanje en it ‘ferbaarnen’ fan jild. Oan de oare kant fynt de FNP it nuver dat de Steaten noch noait ynformearre binne oer de problemen, wylst dy al moannen spylje. Ek is it sa dat der te let yngrepen is troch de deputearre fan Grinslân, wylst der al yn july troch de bedriuwen glêshurd kommunisearre is dat der wat dien wurde moast.

06-12-2018 - FNP docht mei oan aksje tsjin gaswinning lytse fjilden
De FNP sil nije wike tongersdei 13 desimber yn de stêd Grins meidwaan oan it protest tsjin de gaswinning yn lytse fjilden. It protest fynt plak tusken 12.00 en 14.00 oere op it Guyotplein, foar de rjochtbank fan Grins.

26-11-2018 - FNP: Grutte soargen oer sânwinning Iselmar by Gaasterlân
De FNP-steatefraksje hat fan ferskate kanten fernommen dat der grutte soargen binne oer de plande sânwinning by Gaasterlân. It giet om sânwinning foar de doer fan 30 jier en it soe plak fine op 5,5 kilometer út de Fryske kust by Gaasterlân. Omdat de FNP fraksje dizze soargen dielt hat sy hjirop skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten fan Fryslân.

18-11-2018 - FNP: oanpak ôfsjitten fan greidfûgels yn Frankryk
De FNP sil op it kongres fan de Europarlemintspartij EFA op 7 maart 2019 in moasje ynbringe dat it sjitten op beskerme greidfûgels yn Frankryk ferbean wurde moat. It giet dêrby benammen om skriezen, mar ek om oare greidfûgels lykas de ljip, tsjirk, strânljip en wylp. De FNP wol dat der in algemien ferbod komt op de jacht én konsumpsje fan de beskerme greidfûgels.

16-11-2018 - FNP: rappe oanpak krusing N357 Hallum
De FNP is fan miening dat der gau definitive dúdlikheid komme moat oer de oanpak fan de krusing tusken de Doniawei en de N357 yn Hallum. Dat stelt de FNP yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêrneist wol de FNP dat net allinnich doarpsbelang en de ynwenners belutsen wurde by de oanpak, mar ek de ûndernimmers op it bedriuweterrein. Dat fanwegen de foarm, grutte en hichte fan in mooglike rotonde op dat plak.

14-11-2018 - FNP: Ferheging kosten skûtsjesilen en waadrinnen liket op fleanen
De FNP wol net dat dielnimmers oan it skûtsjesilen en waadrinners folle mear kosten foar de kiezzen krije. Dat sil de FNP op 28 novimber ynbringe by in gearkomste fan de Steaten fan Fryslân. It Kolleezje fan DS stelt út om it skûtsjesilen 100 prosint hegere tariven yn rekken te bringen foar it gebrûk fan it farwetter. De waadrinners wurde yn guon gefallen ek hegere leges yn rekken brocht.

12-11-2018 - FNP: stipe foar seebad yn Harns en mear ynsette op enerzjybesparring
De FNP sil woansdei 14 novimber by de begrutting 2019 fan de provinsje Fryslân in pleit hâlde foar in seeswimbad by Harns. Yn dy stêd binne plannen om by it besteande strân in goed plak te kreearjen dêr’t ek swommen wurde kin. No is it noch in modderpoel. De FNP is fan miening dat in seeswimplak foar ynwenners én toeristen in grutte mearwearde opleveret.

07-11-2018 - FNP Wetterskipsfraksje: Skriftlike fragen "Timpeltsje Ids Willemsma" Marrum
Ut namme fan de Wetterskipsfraksje FNP hat fraksjefoarsitter Jan van der Kooi skriftlike fragen steld oer it ferrotsjen fan it saneamde kuenstwurk "Timpeltsje fan Ids Willemsma" op de seedyk by Marrum.

04-11-2018 - FNP: Kreative oplossingen betinke foar tekoart oan soarchpersoaniel plattelân
De FNP hat kundskip naam fan it berjocht op Omrop Fryslân dat guon soarchynstellings op it plattelân minder maklik oan persoaniel komme kinne. Ut de berjochten docht bliken dat benammen it ferfier fan it wenplak fan mooglike persoanielsleden, dat meastentiids yn de stêden is, nei de de soarchynstellings op it plattelân in knipepunt is.

25-10-2018 - FNP: mear foech is better foar Fryslân
Ljouwert – De FNP is fan betinken dat Fryslân folle mear sizzenskip krije moat omdat dat in soad foardielen foar de ynwenners fan Fryslân opsmyt. Dat docht bliken út de FNP-takomstfisy ‘Fryslân sels oan it roer’ dy’t op 24 oktober presintearre is.

24-10-2018 - FNP: Soargen oer ferplichte asbestsanearing Fryslân
Fan út de media hat de FNP fernaam dat de Twadde Keamer besluten hat dat alle asbest op dakken yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, per 31 desimber 2024 saneard wêze moat. Der is yn de Twadde Keamer ynstimd mei dit wetsfoarstel. De FNP Steatefraksje hat hjirop skriftlike fragen oan Deputearre Steaten steld.

20-10-2018 - FNP: Grutte soarch oer takomst sikehuzen Fryslân
De fraksje fan de FNP hat begrepen dat der ûnrêst is by sikehuzen yn Fryslân, te witten dy fan Drachten, It Hearrenfean, Snits en de poliklinyk fan Dokkum. Dy ûnrêst spilet ek by de pasjinten dy't gebrûk meitsje fan de neamde sikehuzen. De FNP Steatefraksje komt op kommende 31 oktober by de Steategearkomste mei mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

17-10-2018 - Fryslân: Behâld húske Waling Dykstra Holwert
De fraksje fan de FNP wol dat it eardere húske fan Frysk skriuwer Waling Dykstra (ferstoarn yn 1914), dat yn Holwert stiet, bewarre bliuwt. De lytse wenning stiet noch hieltyd te keap en ferrinnewearret allinnich mar. De partij komt mei skriftlike fragen nei Deputearre Steaten foar behâld fan dit fertutearze húske.

01-10-2018 - Fryslân kin hiel bêst sûnder ekstra wyn op lân
Fryslân kin fossylfrij wurde sûnder mear wynmûnen op it lân. Benammen mei geotermy kinne wy yn de takomst grutte stappen sette op it mêd fan duorsumens.

29-09-2018 - Gerben Gerbrandy kandidaat-senator FNP
Op de ledegearkomste fan de FNP is Gerben Gerbrandy (Gau) keazen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. Foar de FNP-list fan Wetterskip Fryslân is Bram Bonnema fan Frjentsjer listlûker wurden

20-09-2018 - FNP: stipe foar doarpshuzen trochsette
De fraksje fan de FNP wol dat de provinsjale stipe foar de Fryske doarpshuzen trochgiet. De partij komt yn de Steaten mei in útstel foar in ‘doarpshuzenregeling 2.0' foar de kommende Steateperioade. Ek it Iepen Mienskipsfûns en it wurk fan Doarpswurk draacht de FNP in waarm hert ta.

14-09-2018 - FNP fragen oer ferbetterjen Taalkado
De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Poepjes oer it Taalkado foar jonge Fryske âlders en harren bern. Hoe sil it Taalkado fierder ferbettere wurde? Oanleiding binne de oanbefellingen fan twa ûndersiken nei it Taalkado en de taal yn Fryslân dy't okkerdeis ferskynden.

07-09-2018 - Frijbûtser fan septimber no online
Bestjoersferkiezings, kandidatelisten foar de ferkiezingen fan it Wetterskip en de Earste Keamer. En noch tal fan oare wichtige saken op de wurklist fan de ekstra ALG op 28 septimber, allegear yn dizze Frijbûtser.

04-09-2018 - In Memoriam Marten Bierman
Marten Bierman wie fan 1999-2003 de earste Senator foar de OSF. Ek wie hy de oprjochter fan it Wittenskiplik Buro.

03-09-2018 - OSF-tiidskrift Locomotie 69 no online
Maart 2019 binne der wer Steateferkiezings. Dit nûmer fan Locomotie is foar it grutste part wijd oan de tariedingen.

06-08-2018 - Wynturbines Nij Hiddum-Houw en Iselmar
Is it wynpark Nij Hiddum-Houw oerstallich no't it Wynpark Fryslân yn de Iselmar folle mear kapasiteit krijt?

19-07-2018 - Rapport 'Geldstromen tussen het Rijk en de provincie Fryslân'
De FNP wol mear ynvestearje yn de sosjaal-ekonomyske struktuer fan Fryslân. No giet it measte jild nei útkearingen.

10-07-2018 - Gearkomste Wetterskip Fryslân op 10 july 2018
Yn it ramt fan de besprekking fan it Mearjierre-perspektyf 2019-2023 joech de FNP-fraksje ûndersteande skôging.

10-07-2018 - Hindrik ten Hoeve oer de weryndieling
Mienskiplike behanneling wetsútstellen gearfoegjen gemeenten.
H. ten Hoeve / OSF / 9 en 10 july 2018

20-06-2018 - Steatefragen oer feiligens nije brêge Dronryp
Omwenjenden yn Dronryp hawwe soargen oer ûnfeilige situaasjes by de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal. It wurk sil ynkoarten útein sette. Benammen de steile helling yn it ûntwerp ropt beswieren op. De Steatefraksje stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer de kwestje.

11-06-2018 - Frijbûtser fan juny no online
It oanmelden fan kandidaten foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten maart 2019 is los. Ek foar it Wetterskip en de Earste Keamer. Yn dizze Frijbûtser mear oer de proseduere.

24-05-2018 - Klimaat en miljeu by it Wetterskip
De FNP hat yn it Wetterskip Fryslân foar de komst fan in ‘enerzjyfabryk' stimd. Hjir moat tenei it slyk út de rioelsuveringen duorsum ferwurke wurde. Sa wolle wy ek by it Wetterskip bydrage oan de enerzjy- en klimaatdoelstellings dy't de FNP stipet.

18-05-2018 - FNP: mear ynvestearrings troch Waadfûns
De FNP wol dat it Waadfûns alle jierren € 10 miljoen mear ynvestearret yn projekten. Dat om foar te kommen dat nei 2026 jild werom moat nei it Ryk.

14-05-2018 - OSF: 'Ien op trije kiezers stimt lokaal'
Tiidskrift Locomotie fan ús OSF Earste Keamerfraksje stiet wer online. OSF-foarsitter Durk Stoker fertelt wêrom safolle kiezers op in ûnôfhinklike partij stimme.

11-05-2018 - Fragen oer ôffalprobleem ôfdankte molewjukken
De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Schrier fan miljeu oer it skealike komposyt ôffal fan ôfdankte wjukkken fan wynturbines.

10-05-2018 - Fragen oer de sâltwinning yn Fryslân
FNP, SP, GL en PvdD meitsje har soargen oer lekkaazjes en skea troch de sâltwinning. Oanlieding om fragen te stellen. Yn Grinslân jildt no ekstra tafersjoch op de sâltwinning. Hoe sit dat yn Fryslân?

21-04-2018 - Frijbûtser fan april no online
It haadbestjoer nûget de leden foar de Algemiene Ledegearkomste op 25 maaie. Wat der allegear te bepraten is stiet foar op dizze Frijbûtser.

16-04-2018 - FNP: Katalaanske politike finzenen frij
Landshut (Beieren) - De FNP hat op it jierlikse kongres fan Europarlemintspartij EFA yn Landshut in resolúsje stipe tsjin it steatsgeweld en de repressy yn Spanje. Dat hâldt ûnder oare yn dat opholden wurde moat mei polityk basearre rjochtssaken, dat fûnemintele minskerjochten net mear skeind wurde, dat politike finzenen frijlitten wurde moatte en dat demokratysk keazen Katalaanske parlemintsleden wer frij nei harren lân ta reizgje kinne.

13-04-2018 - Stipe foar FNP-moasjes op EFA-kongres 2018
Landshut (Beieren) - De moasje fan de FNP foar mear bioferskaat en earlik lean foar de boeren yn it nije Europeesk lânboubelied is unanym oannommen. Dat barde op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP sille Europarlemintariërs fan de EFA no oan de slach.

Argyf





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling