FNP Fryslân
Ferkiezingen - Wetterskip Fryslân 2008

Wetterskip wer mei it wetter foar de dokter

Us listlûker Lolke Folkertsma wie wer goed yn it nijs. Hy hat tal fan reaksjes jûn nei oanlieding fan it net op tiid bringe kinnen fan de ferkiezingsútslach foar it AB fan Wetterskip Fryslân.

Doel wie dat no tongersdei 27 novimber de útslach bekend makke wurde soe. In Belgysk bedriuw dy't mei de stimme-tellerij rêde soe slagget dat net en no sil sneon temiddei de útslach bekend makke wurde.

Folkertsma fynt is slim spitich dat no op'e nij it imago fan it Wetterskip skea oanbrocht wurdt.
Earst al de imago skea troch bestjoerders dy't gif spuitsje en moai op it plús sitten bliuwe; wer in oaren brûkte gif yn de Moark. En mei de ferkiezings de affêre mei de stimbiljetten dy't samar trochelkoar te heljen wiene en dertroch de kâns op ûnjildige stimmen fergrutsje. Dat no de útslach net op tiid komt is de safolste imago skea fan it Wetterskip.

Lolke Folkertsma spriek fan in ferfelende saak. Hy is fan betinken dat de FNP syn einoardiel mei ôfhingje litte sil fan it opkomstpersintaazje en it tal jildige stimmen. 'As FNP hechtsje wy grutte wearde oan de demokratyske legitimaasje fan it bestjoer.
As der mar in opkomst fan goed 20 - 25 % is jout dat te tinken en wurdt de fraach op'e nij aktueel at it bestjoer fan it Wetterskip net oars keazen wurde moat.'

Folkertsma hat nochris dúdlik makke dat it belied fêststeld wurdt troch Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fia it Miljeubeliedsplan, it Streekplan en it Wetterhúshâldingsplan leit dat belied fêst en it wetterskip fiert dat út.

No't de opkomst slim leech liket út te kommen wurdt de diskusje wer aktueel om it bestjoer op gean te litten yn Provinsjale Steaten. Dat de FNP mei dizze ynstek in grutte groep kiezers winne kin blykt wol út de enkête fan Binnenlands Bestuur. Ut dy enkête docht bliken dat mar leafst 71 % fan betinken is dat it bestjoer thús heart by de provinsje of gemeenten.

Nei alle imago skea en de enkête fan Binnenlands Bestuur hat it grut kâns dat de ynstek fan de FNP aanst in wichtich item wurde sil op de politike agenda. Lolke Folkertsma hat alris earder sein dat dizze ferkiezings yn dizze foarm mei 7 "geborgde "sitten op de ein rinne en dat it folslein kieze litten fan alle bestjoerders troch de ynwenners fan Fryslân de oare kear fanselssprekkend wêze sil.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling