FNP Fryslân
Ferkiezingen - Wetterskip Fryslân 2008

Sfearfolle ledegearkomste op it Woudagemaal

De spesjale ALG op it Woudagemaal luts likernôch 80 leden en belangstellenden. Nei in rûnlieding by de ymposante tsjettels, pompen en leidingen del siet de sfear der al aardich yn. Yn de bysûndere setting fan it tsjettelhûs waard it ferkiezingsprogram presintearre en fûn de ferkiezing fan de kandidaten plak. Nei inkele stimrûntsjes waard de advyslist definityf fêststeld troch de leden.

Listlûker Lolke Folkertsma gong yn syn taspraak yn op de spearpunten fan de FNP by de kommende wetterskipsferkiezingen: feilichheid, it lykwicht tusken lânbou, natuer en boargers by it wetterbehear, skjin wetter, in earlike ferdieling fan de kosten tusken Ryk en Regio. Ek sitearde hy al eefkes út it rapport fan de nije Deltakommisje, de commissie-Veerman.

De kandidaten binne yn it sintsje set en de gearkomste einige mei it oanbieden fan in prachtich betinkingsboerd mei dêrop de nammen fan de Eareleden fan de FNP. Nei ôfrin wie it tiid foar in hapke en in slokje yn de masinekeamer, mei muzyk fan Piet en Gjalt.

Al mei al in hiel bysûndere ALG ! 

 

 Woudagemaal_ALG_a  Woudagemaal_ALG_b
 Yn de masinekeamer - foto Lútsen Jongema  Yn it tsjettelhûs - foto Lútsen Jongema

 wetterskip_runlieding_woudagemaal  woudagemaal_de_seal
 De leden genietsje fan de nijsgjirrige rûnlieding   - foto Lútsen Jongema  De gearkomste - in grôtfolle seal - foto Lútsen Jongema
 030_papieren_yn_oarder_meitsje  021_de_earste_seis_kandidaten
 De papieren fan it Wetterskip ynoarder meitsje - foto Janke de Vries  De earste seis kandidaten - foto Janke de Vries

 woudagemaal_muzyk_jan_gjalt
 Noflike neisit mei muzyk fan Piet en Gjalt - foto Lútsen Jongema


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling