FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

Kieshelp Stim fan Fryslân no online

De FNP yn it politike lânskip fan de Steaten

FNP poster 2015 Johannes Minder Den Haag Mear Fryslan     

Doch de Frysktalige Stimwizer en sjoch wêr't de FNP foar stiet yn it politike lânskip yn de Steaten. De FNP docht mei ûnder it motto ‘Minder Den Haag, Mear Fryslân'.

 

Johannes Kramer

Listlûker FNP foar de Steateferkiezings 18 maart

 

Reaksje? Mail johannes.kramer@fnp.frl

De FNP set him as politike partij yn foar alle ynwenners fan Fryslân. De FNP giet yn it foarste plak út fan de belangen fan Fryslân. It giet de FNP derom dat de minsken yn Fryslân sels safolle mooglik te sizzen krije oer har eigen takomst. Wat út De Haach en Brussel wei op Fryslân ôfkomt moat dêrom ek yn it belang wêze fan Fryslân. De FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen en sadwaande dé partij om foar Fryslân op te kommen.

 

Dat docht de FNP yn gemeenterieden, wetterskipsbestjoer, Provinsjale Steaten, de Earste Keamer fia de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF) en fia de eigen partij Europeeske Frije Alliânsje (EFA) yn it Europeesk parlemint.

 

Fryslân is gjin eilân. Dêrom stiet de FNP iepen foar gearwurking binnen Nederlân en Europa. De FNP is út dizze iepen opstelling wei ree om ferantwurdlikheid te dragen en mei oaren te besykjen in polityk program om te setten yn bestjoerlike dieden. De ôfrûne fjouwer jier hat de FNP bestjoerlike ferantwurdlikheid droegen yn de provinsje. Yn hieltyd mear gemeenten nimt de FNP diel oan it kolleezje en krijt hieltyd mear riedsleden. De FNP is sterk bewoartele yn de Fryske Mienskip. Jo kinne dêrom op de FNP oan!


Oanhingsel(s):
FNP_poster_2015_Johannes_Minder_Den_Haag_Mear_Fryslan.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling