FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

FNP skrikt fan boaiemdelgong Winaam

Fotoferslach wurkbesite by Stifting Winamer Belang

'Dat liket net bêst...'

 

Sneon 14 febrewaris hat de FNP op besite west by Stifting Winamer Belang. De Wetterskipsfraksje fan de FNP woe yn de mande mei Steate- en Riedsleden graach op de hichte brocht wurde fan de aktuele situaasje dêr oangeande de skea troch de boaiemdelgong.

 
FNP wurkbesite Winaam 

En dat liket net bêst... "Ik bin my wyld skrokken", seit kandidaat Steatelid Corlienke de Jong nei de rûnlieding troch it doarp  Winaam: "De tsjerke en de huzen deromhinne sakje en steane bryk en der komme skuorren yn de muorren, guon muorren moatte sels hielendal ferfongen wurde." En dat alles op eigen kosten fan de bewenner; der is hielendal gjin sicht op skeafergoeding.  

 

Wurkbesite Winaam 2 2

Koartlyn binne alle oanfragen dêrfoar yn Grins noch troch de Technische Commissie Bodembeweging (TCBB) ôfwiisd. De TCBB giet neffens eigen sizzen allinnich oer boaiemdelgong en net oer de huzen. De TCBB is wol ree om foar € 25.000,- in rapport te skriuwen dat brûkt wurde kin om mei nei de rjochter te gean.  De Winamers stekke de sinten leaver earst mar yn it ferstevigjen fan de eigen wenning.

 

Wurkbesite Winaam 3 2  

Listlûker Sake van der Meer foar de FNP yn it Wetterskip freget him wol ôf wat it saneamde "Frysk ynformaasjepunt  boaiemdelgong" fan de Provinsje dan noch foar doel hat. "Op har webside wurdt steld dat jo foar skea by de TCBB wêze moatte, mar it docht dus bliken dat dat hielendal net sa is!" Nij foar de FNP wie dat de StiftingWinamer Belang har ek ynset foar Grins en Drinte.  "Troch de gearwurking oan te gean en kennis út te wikseljen kinne we inoar fersterkje" seit foaroanman Rinze Post. En at wy it ferhaal sa hearre is dat ek wol hiel bot nedich...

 

Wurkbesite Winaam 4 2  

De FNP hat allegedurigen oandacht frege foar dizze situaasje. De partij kundiget oan dêr mei troch te gean en oan te hâlden as storein. ‘It kin dochs net sa wêze, dat de minsken de dupe wurde fan it winnen fan gas en sâlt út de boaiem'. De FNP sil yn april mei  in moasje komme op it kongres fan Europarlemintspartij EFA yn Bautzen. De FNP wol sa besykje om ek Europa yn it spier te krijen omde minsken help te bieden en de bewiislest fan de skea by de feroarsakers te lizzen ynstee fan by de dupearren.

 

Wurkbesite Winaam 5 2  

 

Foto's Gea Iedema, FNP Frjentsjerteradiel


Oanhingsel(s):
Wurkbesite_Winaam_2_2_.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling