FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

Foto's en ynfo FNP kandidaten Provinsjale Steaten, Deputearre en Earste Keamer

50 kandidaten FNP foar Provinsjale Steaten, Deputearre en Earste Keamer

 FNP poster 2015 Johannes Minder Den Haag Mear Fryslan  

 

 

 

Klik hjir nei de folsleine FNP kandidatelist as *.pdf tekst

 

 

FNP poster 2015

 

Delhelje as *.TIFF

     
Kandidaat Earste Keamerleden     
 Hindrik ten Hoeve efteroer leunend 2  

1. Hindrik ten Hoeve (69)

 

Mail: Hindrik.ten.hoeve@fnp.frl

 

Ten Hoeve wennet yn Stiens. Hat al acht jier ûnderfining as lid fan de Earste Keamer. Syn beropsûnderfining hat hy as ûndersiker, learaar ekonomy en direksjelid fan it Dockingacollege yn Dokkum.

De OSF fraksje spilet bytiden in beslissende rol yn de Earste Keamer as it om it kabinet giet.

Hat dêrby as FNP-er ek de belangen fan de oare regio's yn Den Haag te behertigjen. In echte diplomaat dus.

Wie earder ek al 8 jier Steatelid foar de FNP en partijfoarsitter.

Syn boadskip oan de kiezer: 'Stim FNP, want in stim op de FNP is in ûnôfhinklike stim foar Fryslân yn De Haach'.

 

 

     

 Kandidaat Steateleden earste 10

   
 Johannes Kramer 2015 lyts  

1. Johannes Kramer (47)

 

Folgje my op Twitter: @johkramer

Mail: johannes.kramer@fnp.frl

 

Johannes wennet yn Sibrandabuorren.  Hat twa kear listlûker en fraksjefoarsitter foar de FNP west. Hat in eftergrûn yn de politike wittenskippen en bestjoerskunde (Leiden). Troch syn wurk as griffier en gemeentesiktaris jierrenlange ûnderfining yn it iepenbier bestjoer yn Fryslân. Is sûnt 2011 de earste FNP deputearre. Is no benammen dwaande mei plattelânsbelied, iepenbier ferfier, lân- en túnbou en personiel en organisaasje.

 

Wol him graach noch in perioade ynsette as deputearre foar Fryslân, want: 'It wurk is is noch net dien'.

 Corlienke de Jong 2015 lyts  

2. Corlienke de Jong (49)

 

Folgje my op Twitter: @corlienke

Mail: corlienke.de.jong@fnp.frl

 

Corlienke wennet yn Jutryp. Wurket yn it ûnderwiis en wie foarsitter fan FNP Wymbrits. Wol har graach ynsette om Fryslân moai en leefber te hâlden. Ekstra omtinken foar de Fryske taal en kultuer is nedich om ek de kommende generaasjes de wearde dêrfan mei te jaan en fiele te litten.

 

 Sybren Posthumus 2015 lyts  

3. Sybren Posthumus (45)

 

Folgje my op Twitter: @sybrenposthumus

Mail: sybren.posthumus@fnp.frl

 

Wennet yn Reduzum. Sûnt 2011 steatelid; dêrfoar riedslid yn Ljouwert en Boarnsterhim. Hat him mei sukses ynset foar rap ynternet en breedbân oer hiel Fryslân. Wol mear sizzenskip oer de eigen takomst. Net De Haach mar de Friezen oan it stjoer.

 

 

 Wopke Veenstra 2015 lyts  

4. Wopke Veenstra (52)

 

Mail: wopke.veenstra@fnp.frl

 

Wennet yn Boelensloane. Is biologysk boer en al 15 jier bestjoerlik warber foar de lânbou en it agrarysk natuer- en lânskipsbehear. De lêste seis jier siet er foar de FNP yn it Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Wichtige tema's: duorsumens en in leefber plattelân.

 Klaas Fokkinga 2015 lyts  

5. Klaas Fokkinga (61)

 

Folgje my op Twitter:  @fnpkf

Mail: klaas.fokkinga@fnp.frl

 

Wennet yn Nes (D). Is direkteur basisûnderwiis en riedslid yn Dongeradiel. Wol minder regels en mear mooglikheden foar inisjativen út de mienskip. Fan ûnderen op en in regionaal maatwurk dat rjocht docht oan lokale omstannichheden en winsken fan ynwenners.

 Rein van der Wal 2015 lyts  

6. Rein van der Wal (56)

 

Mail: rein.van.der.wal@fnp.frl

 

Wennet yn Surhústerfean. Is lid fan de skaadfraksje fan FNP Achtkarspelen. 'Minsken moatte it sels foar it sizzen ha. Achtkarspelen, en ek Fryslân, moatte selsstannich bliuwe. Politike besluten bliuwe dan ticht by de minsken. Fryslân hat in lange histoarje en is unyk en dat moat sa bliuwe.'

 Saapke Voolstra 2015 lyts  

7. Saapke Voolstra (29)

 

Folgje my op Twitter: @Saapke

Mail: saapke.voolstra@fnp.frl

 

Komt fan Drachten. Is learkrêft spesjaal ûnderwiis en riedskommisjelid yn Smellingerlân. Wie earder foarsitter fan de FNP Jongerein. Yn har wurk alle dagen dwaande om it bêste út bern te heljen. Yn de steaten wol se datselde foar de mienskip en sjen nei kânsen dy't der lizze. De ynwenners binne útgongspunt foar it bêste belied.

 Albert Seldenrust 2015 lyts  

8. Albert Seldenrust (54)

 

Folgje my op Twitter: @ASeldenrust

Mail: albert.seldenrust@fnp.frl

 

Wennet yn Ljouwert. Is earste opfolger fan de FNP fraksje yn Ljouwert, wie earder riedslid yn Boarnsterhim. Wol mear foech foar Fryslân op it mêd fan soarch, sûnens, ûnderwiis en plattelânsbelied. By regionale en lokale problemen kin de provinsje gauwer en better oardielje en hannelje.

 Ate Eijer 2015 lyts  

9. Ate Eijer (60)

 

Folgje my op Twitter:  @ateeijer

Mail: ate.eijer@fnp.frl

 

Wennet yn Jobbegea. Is riedslid yn Hearrenfean. Motto: opkomme foar josels. Oant no ta op gemeentelik nivo, mei troch de FNP, goed slagge mei foar de doarpen in eigen doarpsfisy. Provinsjaal moat ek better harke wurde nei de ynbring fan ynwenners.

 Auke Bijlsma 2015 lyts  

10. Auke Bijlsma (62)

 

Folgje my op Twitter:  @aukebijlsma

Mail: auke.bylsma@fnp.frl

 

Komt fan Terherne. Steatelid, dêrfoar riedslid en wethâlder yn Boarnsterhim. Fynt omtinken foar inisjativen fan ûnderen op tige wichtich. De FNP stiet altyd noed foar de minsken yn Fryslân. In foarbyld: in FNP-moasje hat soarge foar ekstra skeafergoeding foar boeren mei guozze-oerlêst.


Oanhingsel(s):
FNP poster 2015 Johannes Kramer


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling