FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

Fakûnderwiis Moadefakskoalle Bakhuzen fertsjinnet stipe

Finansjele basis oplieding wif

De FNP wol dat de Moadefakskoalle yn Bakhuzen romhertiger stipe fan de oerheid krijt. Dat wie de útkomst fan in wurkbesite fan de partij. It fakûnderwiis wurdt wer hieltyd wichtiger foar ús maatskippij. Lykwols in lytse besuniging fan de gemeente kin der ta liede dat de skoalle ophâldt te bestean. De FNP is fan betinken dat de skoalle krekt mear stipe fan de oerheid fertsjinnet. 

Moadefakskoalle 1 

Neffens kandidaat steatelid Corlienke de Jong is dizze oplieding unyk foar Fryslân en bedoeld foar in unike groep minsken. Troch foaral de ynset fan entûsjaste en belutsen oplieders en bestjoerders bestiet dizze skoalle al mear as 75 jier. Dit hat in delegaasje fan FNP (kandidaat) steateleden en riedsleden sjen kinnen by har wurkbesite. 

Moadefakskoalle 2 
De FNP'ers ha ek heard dat de finansjele basis fan de skoalle wif is. Besunigingen fan bygelyks de gemeente ha grutte ynfloed op de bedriuwsfiering en kinne ta sluting liede. Sa kin de skoalle gjin stappen foarút dwaan. De FNP fynt dat de skoalle stipe fertsjinnet. Allerhande ideeën om de skoalle mear bekendheid te jaan binne de revue passearre. Lykas it netwurk te fergrutsjen, de profilearring te ferbetterjen en om gearwurking te sykjen mei bygelyks de oplieding ‘mode en kleding'. 
Moadefakskoalle 3 
De priveeoplieding is leechdrompelich, lytsskalich en betelber. Dizze praktyk oplieding leveret fakminsken ôf op MBO nivo, dy't in goede kâns ha op de arbeidsmerk. It diploma is net rykserkend, omdat it allinne praktyk ûnderwiis is.
Moadefakskoalle 4 

Oanhingsel(s):
Corlienke de Jong


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling