FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

FNP wurkbesite Stertil Koatstertille

FNP kearnwearde: 'ûndernimmerssin'

Ynvestearje yn de maakyndustry, ynnovaasjefermogen en eksportbefoardering. Dat wiene de wichtichste tema's by in bedriuwsbesite op 4 maart 2015 fan de FNP oan Stertil B.V. yn Koatstertille.
sterlit koatstertille 009 
Direkteur Ulbe Bijlsma gie yn petear mei 11 FNP-ers. Kandidaat Steateleden, Wetterskipskandidaten en riedsleden út Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.  
sterlit koatstertille 001 
De maakindustrie is in wichtige drager fan de regionale ekonomy en fertsjinnet bliuwend omtinken fan de Provinsje. De spesjale hefynrjochtingen, skokbrekkers, treinplatfoarms en oare heechweardige technyske produkten geane de hiele wrâld oer.
sterlit koatstertille 007 
Stertil past hielendal yn it FNP plaatsje foar it ekonomysk belied fan de Provinsje Fryslân. In bedriuw mei woartels yn de regio en tagelyk wrâldwide eksport fan produkten. FNP kearnwearde: 'Undernimmerssin'.
sterlit koatstertille 005 
De likernôch 300 wurknimmers hawwe in sterke bining mei it bedriuw. Mei it foarútgean fan de technyk binne der ek ferskate ûntwikkelkânsen foar it personiel.  
sterlit koatstertille 010 
De konkúzje fan dizze bedriuwsbesite: in prima ûntfangst, in moai bedriuw en wichtich foar wurknimmers en ekonomy yn de regio.

 

Foto's Albert Seldenrust

 

 

 

 

 

 

 

 


Oanhingsel(s):
Stertil Koatstertille


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling