FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

Fryslân: FNP stelt Wetterskipslist fêst foar ferkiezings maart 2015

Sake van der Meer (Koatstertille) op earste plak

Sake van der Meer FNP 4230     

Sake van der Meer fan Koatstertille is troch de leden fan de FNP op it earste plak keazen foar de ferkiezings foar it nije bestjoer fan it Wetterskip. Dat barde op it tige goed besochte gearkomste yn Wurdum mei 130 oanwêzige leden. De ferkiezings foar it Wetterskip binne  takommend jier tagelyk mei de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten op 18 maart.

 

Reaksje? Mail sake.van.der.meer@fnp.frl

 

De FNP list wurdt foarme troch kandidaten dy't in soad witte oer wetterbehear. Bygelyks biologyske boeren, sportfiskers en wetterbehearders. Sake van der Meer is ek foarsitter fan it Fryske bûn fan sportfiskers.

 

Twadde op de list is Jan van der Kooi fan Rypstjerk. Tredde stiet  Anna Martha van der Mei fan Tsjom en fjirde Lolke Folkertsma fan Dokkum. Op it fyfde  plak stiet Annigje Toering fan Mantgum.

 

 

Taheakke: Definitive FNP kandidatelisten ferkiezings 2015



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling