FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

Provinsjale Listlûkers debat op NPO 2 mei Johannes Kramer

NOS Nederland Kiest De Provincies - 2 maart, 20.25 oere, NPO 2

Op 2 maart draait it allegearre om de tolve provinsjes. Hokker ûnderwerpen spylje der? En wat stiet der mei de ferkiezings fan 18 maart op it spul? Dêr gean de provinsjale listlûkers mei elkoar oer yn petear. Ut de Rijtuigenloods yn Amersfoort wei bediskusjearje sy yn fjouwer debatten de ekonomy, de feiligens, enerzjy en de rol fan de provinsjes. Mar it giet ek oer de krimpgebieten - dêr't hieltyd mear jongerein fuort giet en de âlderein efter bliuwt - en de gefolgen hjirfan foar de lokale ekonomy. En der wurdt praat oer it kommen fan wynmûmen en oer gasboarrings. En wat is tsjintwurdich eins de rol fan de provinsjes fergelike mei it Ryk ? It debat is te sjen op NPO 2, fan 20:25 oant 21:25 oere.

  

 


Oanhingsel(s):
Johannes Kramer poster


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling