FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

FNP entûsjast oer plannen play-skate court yn Grou

Wurkbesite riedsfraksje Ljouwert en Steatefraksje

'Op it stuit is der suver neat foar de leeftyd 10 oant 18 jier'

  

GROU - De Gemeenteriedsfraksje en Steatefraksje fan de FNP binne entûsjast oer de plannen foar in sport- en spulplak foar jongerein yn Grou. De FNP hat op in wurkbesite de plannen besjoen en stiet dêr fjouwerkant achter. De plannen binne betocht fan, foar en troch de jeugd yn it doarp.

 

foto Grou 

 It is de bedoeling dat oan de Burstumerdyk yn Grou in saneamd ‘Play-Skate Court' komt. Jongerein fan 10 oant 18 jier kinne dêr dan skateboarde, basketballe, BMX-e (fytscrosse), inline skate hockeye en skeelerje. Ek is der yn de plannen romte foar in krabbel-iisbaantsje en ‘pleintje-voetbal'. 

 

sport en spulplak Grou 2 

Yn Grou is in spesjale ‘Play-Skate Court commissie' oprjochte dy't dit inisjatyf nommen hat. Foar de FNP in geweldich fan-ûnderen-op projekt. By de wurkbesite hat de FNP him op ‘e hichte steld fan it projekt en ynkoarten wurdt it ek oan de Grousters presintearre. De FNP hat him nei it sluten fan it jeugdsintrum altyd al sterk makke foar in nij ûnderkommen foar dizze doelgroep. Op dit stuit is der suver neat foar dy leeftydskategory yn Grou.

 
sport en spulplak Grou 

Jongerein kin dêr sporten beoefenje sûnder direkt lid wurde te moatten fan in sportferiening. De skoallen en de berneopfang kinne prima fan it court gebrûk meitsje foar de lessen bewegingsûnderwiis. It sport- en spulplak is yn earste ynstânsje projectearre tusken it kuorbalfjild en de iisbaan yn. De FNP stipet de inisjatyfnimmers by har syktocht nei fûnsen en subsydzjes.

 

 

 

 

 

 

 

 


Oanhingsel(s):
Sport en spulplak Grou


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling