FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

Ophâlde mei alle nije boarringen, ek yn Fryslân !

Parseferklearring FNP 20 febrewaris 2015

Helje hjir de Parseferklearring FNP del as *.pdf

  

Gjin gegriem yn ús grûn !

  

Ophâlde mei alle nije boarringen nei delfstoffen, ek yn Fryslân! 

De FNP is fan betinken dat it fan no ôf dien wêze moat mei it boarjen nei delfstoffen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Dat stelt de partij yn reaksje op it rapport fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid oangeande de gaswinning yn Grinslân fan 18 febrewaris 2015. 

It ferrjochtsjen fan nije boarringen nei ierdgas en oare delfstoffen yn Fryske boaiem moat ôfrûn wêze. Dat jildt ek foar de foarnommen boarringen op Skylge en bij Skiermuontseach, yn Toppenhuzen, by De Gordyk, de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân en alle oare plakken dêr't it foarnimmen bestiet om te boarjen. Ek eksploraasjeboarrings rjochte op skalygaswinning, de tapassing fan fracking mei boaiemfrjemde gemyske stoffen, foar de takomstige opslach fan radio-aktyf en gemysk ôffal, ynjeksje fan fersmoarge ôffalwetter út de mynbou en oare boaiemfrjemde stoffen yn sâltkavernes en CO2 yn lege gasfjilden wize wy ôf. Allinnich foar ûndersyk nei de feiligens fan de befolking mei noch in útsûndering makke wurde. 

De reden fan dizze ôfwizing is dat no wol hiel dúdlik bewiisd is dat it winnen fan delfstoffen út de boaiem ta risiko's foar de befolking liedt dy't net te foarsjen binne. No't troch in ûnôfhinklike ynstânsje oanjûn is dat sawol de belutsen mynboumaatskippij as de ferantwurdlike oerheid har soarchplicht foar de befolking oer ôfgryslik sitte litten hawwe, kin fan de befolking net langer frege wurde dat sy de ierdgasboarrings noch langer ferneare. 

De FNP sil him tenei dan ek hurd fersette tsjin alle boarringen yn Fryske grûn dy't as eachmerk hawwe dêr delfstoffen út te winnen. De partij sil dat mei alle politike en juridyske middels besykje tsjin te hâlden.  De sizzenskip oer de winning moat fan it Ryk oan de provinsje oerdroegen wurde, lykas alle oare saken fan romtlike oardering en regionale ekonomy, dy no al ûnder de provinsjes falle. Fierder wol de FNP dat de bewiislêst by skea as gefolch fan mynbouaktiviteiten yn de Mynbouwet omkeard wurdt. De FNP ropt de Twadde Keamer nochris op om hjir prikken foar yn it wurk te setten.

 

De FNP wol net dat it regear de gaskraan fierder ticht draait yn Grinslân en tagelyk de kraan yn Fryslân en op oare plakken as kompensaasje fierder iepen draait. De FNP freget dêrta in weroerwaging fan it saneamde lytse-fjildenbelied dêr't ús provinsje en it Waad no de dupe fan driigje te wurden.

 

It is neffens de FNP tiid om it hiele nasjonale gasbeliedfolslein op'e nij te beskôgjen en te weroerwagen. Dit yn de kontekst fan in fluggere oergong nei duorsume foarmen fan enerzjy en it flugger opsetten fan in Europeesk enerzjybelied.

 

De gaswinning, de negative gefolgen foar de regio en it konsekwint yn'e wyn slaan fan de belangen fan feiligens fan de befolking binne no in nasjonaal probleem.

 

Sadwaande stipet de FNP inisjativen ta in parlemintêre enkête. De FNP wol net dat it Ministearje fan EZ en de mynboukongsi op'e nij ‘verdeel en heers' spylje troch sa'n ûndersyk te beheinen ta ‘Grinslân'. Der is ommers in gearhing tusken de winning út it Grinzer gasfjild en de winning út de lytsere fjilden. In parlemintêre enkête sil dêrom net allinnich oer it ierdbevingsgebiet yn de provinsje Grinslân gean moatte, mar oer it mynboubelied yn syn hiele hear en fear. Inklusyf de konsekwinsjes foar de oare gas- sâlt- en oaljewingebieten yn hiel Nederlân.

 

Sûnt de oprjochting yn 1962 pleitet de FNP al foar it oerheveljen fan gasbaten nei de regio. Wat de rinnende delfstofwinning oangiet, dêr't de Provinsje op dit stuit gjin sizzenskip oer hat, easket de FNP dêrom dat de regio in earlik en substansjeel oanpart fan de ierdgasbaten krijt om hjir - neist de folsleine fergoeding fan alle partikuliere en maatskiplike skea - nei eigen ynsjoch te ynvestearjen. It doel moat net langer wêze om de rinnende Ryksbegrutting te spekken mar om de opbringsten foar de lange termyn yn in fûns rendearje te litten ta wolfeart en wolwêzen fan de befolking oant yn de fiere takomst.

 

FNP, 20 febrewaris 2015


Oanhingsel(s):
Skea troch boaiemdelgong
FNP parseferklearring ophâlde mei nije boarringen


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling