FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2015

FNP byienkomst Masterplan Waddenroutes

Op 23 febrewaris 20:00 It Mienskar Easterbierrum

FNP Masterplan waddenroutes   Masterplan Waddenroutes FNP  Masterplan FNP Waddenroutes

 

Op 23 febrewaris 20:00 It Mienskar yn Easterbierrum hâldt de FNP in byienkomst oer it ‘Masterplan Waddenroutes'. Dy byienkomst is bedoeld om nei te gean wat de ynwenners, bedriuwen en doarpsbelangen fine fan it plan om de wurkgelegenheid en leefberens yn Noardwest Fryslân te stimulearjen.

 

De Stichting ‘De Riedmar' hat op basis fan in fan-ûnderen-op oanpak 21 projekten útwurke. De Steatefraksje fan de FNP is posityf oer de ideeën mar wol ek graach witte oft it noch better kin en watfoar oare projekten der binne yn de streek dy't bydrage oan de ekonomy, ekology en/of rekreaasje.

  

It giet op de byienkomst om inisjativen yn it gebiet tusken Harns-Ljouwert en de Waadsee (kuststrook). Yn de byienkomst sil steatelid Sybren Posthumus fan de FNP earst in ynlieding hâlde oer de ideeën dy't der no binne en dy't opskreaun steane yn it masterplan. Johannes Kramer (listlûker FNP) sil dêrnei oanjaan hoe't de provinsje goede projekten yn Noardwest Fryslân oanjeie kin, bygelyks fia it ‘Iepen Mienskipsfûns' of ‘Streekwurk'. Dêrnei is it wurd oan de ynwenners, ûndernimmers en de ferieningen sels.

 

De jûn oer it Masterplan en nije projekten yn Noardwest Fryslân wurdt opsetten troch de FNP Steatefraksje yn gearwurking mei de FNP-ôfdielings Frjentsjerteradiel, Menameradiel en mei de Frije Biltkers fan ‘t Bildt. De tagong is frij, elkenien is wolkom.    

  

Datum: 23 febrewaris, 20.00-22.00 oere

Plak: ‘It Mienskar ', Buorren 27, Easterbierrum

 

Mear ynformaasje by Sybren Posthumus , FNP wurdfierder Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme, telefoan 06-3022 6684


Oanhingsel(s):
Seedyk


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling