FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

FNP de partij foar alle ynwenners fan Fryslân

FNP bringt program yn Stellingwerfsk

Frans Koning     

Foar it earst publisearret de FNP syn programma foar de Steatenferkiezingen ek yn it  Stellingwerfsk, de taal fan Súd-Fryslân. Troch it programma ek yn Fryske streektalen as it Stellingwerfsk en it Bildtsk te publisearjen, wol de FNP sjen litte dat it in partij is foar alle Friezen.

    

 

 

Frans Koning út Aldehaske hat op 28 jannewaris 2010 yn Aldeberkeap  it earste eksimplaar fan it provinsjale FNP programma 2011 yn it Stellingwerfsk oerhandige oan de hear Ype Dijkstra, foarsitter fan de Stellingwarver Schrieversronte.

 

Frans Koning is al mear as  30 jier lid fan de Skrieversronte. Ek is hy  bestjoerslid fan de ôfdieling Hearrenfean fan de FNP. Koning stiet op de list foar de steateferkiezingen fan 2 maart.

 

It oanbieden fan it program wie yn it gebou fan de Schrieversronte yn De Berkeap (Willinge Prinsstrjitte 10), op de grins fan beide Stellingwerven.

 

 

Taheakke: FNP pergramme 2011-2015 Stellingwarfs



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling