FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

Nijsbrief nr 3 FNP-kampanje 2011

Folgje Annigje Toering fia Twitter

28 jannewaris 2011

 

 

kampanjelogo 2011

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Dizze nijsbrief

 

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de FNP-kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings. Dy ferkiezings wurde hâlden op 2 maart 2011.

Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't sympaty hawwe foar de FNP en syn tinkwrâld.

 

 

 

FNP biedt programma oan yn It Stellingwerfsk

 

FNP-man Frans Koning fan Aldehaske oerhandiget op freed 28 jannewaris de Stellingwerfsk-talige edysje fan it FNP-programma oan foarsitter Ype Dijkstra fan de Stellingwarver Schrieversronte. De Schrieversronte is de wichtichste kulturele ynstelling yn de Stellingwerven.

It is foar it earst dat de FNP syn programma yn it Stellingwerfsk publisearret. Skielk ferskynt der ek in fersy yn it Biltsk. De FNP wol sjen litte dat it de partij is foar alle Friezen. It omtinken foar streektalen en -kultueren heart dêrby.

Ûndernimmer Frans Koning is al mear as  30 jier lid fan de Schrieversronte en praat stels ek Stellingwerfsk. Ek is hy  bestjoerslid fan de ôfdieling Hearrenfean fan de FNP en stiet er op de list foar de steateferkiezingen fan 2 maart.

 

 

 

Roorda moat bliuwe

 

De FNP-ôfdieling fan Hearrenfean fynt dat fuotballer Geert Arend Roorda by SC Hearrenfean bliuwe moat. De fuotbalklup wol Roorda ferhiere en dan soe de lêste Fries út de seleksje ferdwûn wêze. ‘Dat is net goed foar in klup dy't sa wichtich is foar in soad Friezen,' fynt fraksjefoarsitter Ate Eijer fan FNP Hearrenfean. ‘De klup mei it kontakt mei syn woartels net ferlieze. Dêr giet it ús om.'

Eijer joech syn miening yn de Fryske kranten en yn ‘Hjoed' fan Omrop Fryslân.

 

Geert Arend Roorda FNP

Foto: Omrop Fryslân

 

 

 

Jo filmke op de Omrop?

 

Jo eigen filmke werom sjen by Omrop Fryslân? Stjoer dat dan yn fia de knop op http://www.fnp.frl/.

Yn it ramt fan de kampanje wurde op dit stuit koarte filmkes makke dêr't Friezen op grappige en fleurige wize yn hearre litte dat sy fan Fryslân hâlde.

Sels filmje kin ek. Meitsje sels in moai filmke (maks. 10 sekonden) mei de bern, heit, mem, freonen of wa dan ek. Lit de haadrolspilers einigje mei ‘Ik hâld fan Fryslân'. De film wurdt yn alle gefallen publisearre fia it FNP-youtube-kanaal. De bêsten wurde brûkt by de Omrop.

 

 

 

Folgje Annigje Toering fia Twitter

 

Annigje 2011 lytsWa't dat wol, kin Annigje Toering de kommende tiid folgje fia har Twitter-akkount @annigjetoering. Annigje fertelt oer wat sy docht yn de kampanje en jout har miening oer aktuele saken.

Neist de Annigje-akkount is der ek de algemiene FNP-twitter-akkount @fnpfryslan (sûnder dakje, want dat jout problemen).

Hâld fansels http://www.fnp.frl/ ek goed yn de gaten.

 

 

  

 

 

Ten Hoeve ‘kultfiguer'?

 

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lytsIs FNP-senator Hindrik ten Hoeve in ‘kultfiguer'? Wol neffens de redaksje fan it populêre tv-programma ‘De wereld draait door'. Yn in petear oer de machtsferhâldingen yn polityk De Haach waard dúdlik dat op dit stuit de FNP-man in kaairol spilet yn de Earste Keamer en dat hy dêr hiel betûft en ferstannich mei omgiet. ‘Moatte wy dizze kultfiguer net ris útnoegje?' frege presintator Van Nieuwkerk him ôf.

 

 

 

 

 

Krije jo dizze nijsbrief net streekrjocht?

 

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in email oan kampanje@fnp.frl mei it boadskip ‘Graach nijsbrief streekrjocht'.

 

 

 

Dizze nijsbrief tenei net mear ûntfange?

 

Wolle jo dizze nijsbrief net wer krije? Stjoer in email oan kampanje@fnp.frl mei it boadskip ‘Ôfmelding nijsbrief'.

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling