FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

Nijsbrief nr 1 FNP-kampanje 2011

Annigje Toering listlûker



Dizze nijsbrief

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de kampanje fan de FNP foar de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten. Dy ferkiezings wurde hâlden op 2 maart 2011.
Jo ûntfange dizze nijsbrief as FNP lid. 

Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy sympaty hawwe foar de FNP en har gedachteguod.

Wolle jo sels de nijsbrief net mear ûntfange, dan kinne jo jo ôfmelde fia it linkje hielendal ûnderoan.


Goeie kânsen foar FNP

De kânsen foar op 'e nij in ferkiezingsoerwinning fan de FNP binne grut. De lêste test, de ferkiezings yn de nije gemeente Súdwest Fryslân, binne útrûn op in grutte oerwinning (+35 prosint!). Dat de FNP yn de koalysjepetearren troch gemien spul fan PvdA en CDA oan de kant set is, moat sjoen wurde as in fersterking fan it byld fan de FNP as in partij dy wol betrouber en earlik is.

Annigje Toering listlûker

Annigje Toering is de nije listlûker fan de FNP. Mei Toering kiest de FNP foar in betroubere politika mei in soad ûnderfining. Toering sit sûnt 2003 yn de Provinsjale Steaten, is fise-foarsitter fan de FNP-fraksje en is op dit stuit ek de earste ferfanger fan de Kommissaris fan de Keninginne yn de Steaten.
Toering folget Johannes Kramer op. Hy wol it foarsitterskip fan in groeiende Steatefraksje net mear kombinearje mei syn drokke wurk en syn famyljeferplichtings. Kramer is wol de kandidaat-deputearre foar de FNP en nûmer 2 op de list.
De folsleine list stiet op www.fnp.frl.

Kampanjestart op Nijjiersgearsit

De FNP-kampanje set offisjeel útein op 8 jannewaris. Dan hâldt de FNP syn nijjiersgearsit yn De Koningshof op it Hearrenfean. Eltsenien is wolkom. Foar it folsleine programma, gean nei www.fnp.frl.

Kampanjelogo en -gjalp iepenbier op 8 jannewaris


Op 8 jannewaris (Nijjiersgearsit) wurde de ferkiezingsgjalp en it byhearrende logo iepenbier makke. Dat wurdt dien troch listlûker Annigje Toering en FNP-senator Hindrik ten Hoeve.

Wichtige rol foar FNP-senator Ten Hoeve

FNP-senator Hindrik ten Hoeve krijt in wichtige rol yn de FNP-kampanje. Ten Hoeve spilet as lid fan de Earste Keamer op dit stuit in kaairol yn De Haachske polityk. Op 8 jannewaris op de Nijjiersgearsit sil Ten Hoeve as sprekker yngean op dy rol.

Ôfdielings ree

De ôfdielings fan de FNP binne ree om yn de eigen doarpen en stêden by te dragen oan de kampanje. Yn de kampanjeplannen is in wichtige rol taskood nei de ôfdielings omdat de grutte aktive efterban sjoen wurdt as ien fan de sterkste kanten fan de partij. Wêr't oare partijen grutte problemen hawwe by it finen fan frijwilligers, spilet dat probleem by de FNP net.
Ek in rol spylje en meidwaan yn de kampanje? Nim kontakt op mei it bestjoer fan jo ôfdieling.

Krije jo dizze nijsbrief net streekrjocht?

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in email oan kampanje@fnp.frl mei it boadskip 'Graach nijsbrief streekrjocht'.





Ôfmelde foar nijsbrief

FNP-steatefraksje
Tillefoan 058-2925803
Faks: 058-2928343
E-post: kampanje@fnp.frl

 


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling