FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

Nijsbrief nr 2 FNP-kampanje 2011

Presintaasje kampanjelogo

18 jannewaris 2011

 

kampanjelogo 2011 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Dizze nijsbrief

 

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de FNP-kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings. Dy ferkiezings wurde hâlden op 2 maart 2011.

Jo krije dizze nijsbrief as lid fan de FNP. Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't sympaty hawwe foar de FNP en syn tinkwrâld.

                             

 

Fleanende kampanjestart op nijjiersgearsit

 

De FNP-kampanje foar de Steateferkiezings fan 2 maart krige in fleanende start op 8 jannewaris op It Hearrenfean. In grôtfolle seal - krapoan 200 minsken - yn restaurant en feestsintrum De Koningshof fan FNP'er Frans Koning, harke nei taspraken fan foarsitter Nynke Beetstra, listlûker Annigje Toering en FNP-senator Hindrik ten Hoeve. De Ljouwerter Krante spruts oer in partij yn de ‘winning mood'.

De measte oanwêzigen lieten har dêrnei it stamppotbuffet goed smeitsje.

 

 

Toering: ‘It giet om it fuortbestean fan Fryslân'

 

FNP-listlûker Annigje Toering en FNP-senator Hindrik ten Hoeve makken op de nijjiersgearsit op It Hearrenfean op 8 jannewaris dúdlik wêr't it by dizze kampanje om giet: it fuortbestean en de bestjoerskrêft fan Fryslân. Wylst guon lanlike partijen as Grien Links en D66 sûnder reserves foar it opdûken fan Fryslân binne, binne oaren wat subtiler. PvdA en PVV wolle eins de provinsje útklaaie en in hiel lyts foech oerlitte. De FNP set júst yn op mear foech foar de provinsje, bygelyks op it mêd fan ûnderwiis en belestings.

 

 

Hâlde fan Fryslân

 

Dat it de kommende tiid giet om it fuortbestean fan Fryslân wurdt ek dúdlik yn kampanjegjalp en logo: Ik  Fryslân, út te sprekken as ‘Ik hâld fan Fryslân'. Dy waarden by de kampanjestart op It Hearrenfean foar it earst toand en útsprutsen troch listlûker Annigje Toering en FNP-senator Hindrik ten Hoeve.

 

Presintaasje kampanjelogo  

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Twitter: @fnpfryslan

 

Wa't it FNP-nijs út de kampanje byhâlde wol, kin dat dwaan troch it FNP-twitter-akkount: @fnpfryslan. Hâld fansels http://www.fnp.frl/ ek goed yn de gaten.

 

 

6 Kampanjelinen

 

De FNP-kampanje sa't dy no foarm krijt, hat 6 linen: publisiteit fia de media (ek lokaal),

iepenbiere romte (posters en sa oeral wêr't dat mar mei), digitale media (webside, twitter, hyves ensfh.), advertearje (foaral op populêre websiden), direkte marketing (struibrieven, snypsnaren). En net te ferjitten: minsken (FNP'ers dy't har sjen litte). Sichtbere kandidaten en it persoanlik oansprekken fan kiezers op strjitte, op merken ensfh. binne noch altyd de bêste reklame.

Alle ôfdielings binne yntusken dwaande om dat yn har eigen doarpen, stêden, gemeente yn te foljen. De klam sil - sa as yn elke kampanje - lizze op de lêste twa wiken foar de ferkiezings.

Ek meihelpe om de Fryske saak te stypjen en de FNP wer groeie te litten? Meld jo by jo eigen ôfdieling.

 

 

Krije jo dizze nijsbrief net streekrjocht?

 

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in email oan kampanje@fnp.frl mei it boadskip ‘Graach nijsbrief streekrjocht'.

 

 

Dizze nijsbrief tenei net mear ûntfange?

 

Wolle jo dizze nijsbrief net wer krije? Stjoer in email oan kampanje@fnp.frl mei it boadskip ‘Ôfmelding nijsbrief'.

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling