FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

'Meitsje fan Steateferkiezings gjin referindum oer kabinet-Rutte'

Taspraak listlûker Annigje Toering op nijjiersgearsit FNP

 Annigje 2011 lyts  

Listlûker Annigje Toering fan de FNP stelt dat de Steateferkiezings gjin referindum wurde moatte oer it kabinet-Rutte. ‘It giet wol deeglik om de takomst fan Fryslân.' Se ropt de regionale media op om har hjir mei te ûnderskieden fan de Haachske byldfoarming. Toering spruts op de nijjiersgearsit fan de FNP op it Hearrenfean.

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toering@sis.fryslan.nl

 

 

It is neffens Toering wol dúdlik dat de lijntsjes by de grutte partijen rinne fan De Haach nei Fryslân en net oarsom. ‘Fryslân is by harren net yn goede hannen. It fuortbestean fan Fryslân as provinsje stiet yn de kiif. Haachske partijen negeare dit of wurkje der sels oan mei.' Yn in grut tal partijprogramma's is yndie sprake fan it opdoeken fan de provinsje.

 

De FNP neamt in goed ekonomysk klimaat foar Fryslân fan it grutste belang. ‘Net iensidich op de kennisekonomy ynsette mar ek mear omtinken oan de ambachtsekonomy. Bern moatte ek gewoan wer in fak leare kinne.' De FNP wol fierder ynsette op behâld fan it Fryske lânskip, stipe foar de Fryske mienskip yn de doarpen en Fryske organisaasjes. ‘Frysk jild moat te'n goede komme oan Fryslân.'

 

FNP senator Hindrik ten Hoeve heakke dêr yn syn taspraak op oan. Hy sei dat it byld fan it gedooch-regear yn De Haach it byld bepaald dat de wrâld fan Nederlân en dus ek fan Fryslân hat. De FNP is no sichtber oanwêzich yn de Earste Keamer. ‘In stim foar de FNP is in stim foar Fryslân, yn ‘e Steaten en yn de Earste Keamer'

 

Toering en Ten Hoeve presintearren oan it ein fan de gearkomste it FNP kampanjelogo:

 

kampanjelogo 2011

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Taheakken:

FNP nijjierstaspraak 2011 Annigje Toering

FNP nijjjierstaspraak 2011 Hindrik ten Hoeve

FNP nijjierstaspraak 2011 Nynke Beetstra



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling