FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

Annigje Toering listlûker KANDIDATELIST FNP

Kandidatenlist FNP fêststeld. Algemiene Ledegearkomste yn poerbêste stimming.

 A Toering FNP    

Op de Algemiene Ledegearkomste fan de FNP yn Raerd (B.) is Annigje Toering troch de leden unanym keazen ta listlûker foar de Steateferkiezings yn maart. De kandidatelist fan de FNP mei 50 nammen is definityf fêststeld. Johannes Kramer en Tytsy Willemsma binne oanwiisd as kandidaat-deputearren. Foar de OSF list yn de Earste Keamer hat de FNP Hindrik ten Hoeve en Douwe Bijlsma keazen. De partij is yn poerbêste stimming nei it súkses mei de riedsferkiezings yn de Súdwesthoeke.

 

Reaksje? Mail toering@sis.fryslan.nl

 

 

Mei in konstruktive en konsekwinte polityk yn de Steaten hat de FNP berikt dat in grut oantal wichtige saken foar Fryslân yn it provinsjaal belied kaam binne. Earst troch mei te ûnderhanneljen oer in nij kolleezjeprogram, dêrnei troch moasjes en útstellen yn de Steaten. Listlûker Toering neamde as foarbylden it trijetalich kwaliteitsûnderwiis, de Fryske Universiteit, de akwadukten foar de wettersport by de Fryske Marren, it ferpleatsen fan de sâltwinning út Noardwest-Fryslân wei en weryndieling allinnich fan ûnderen op.

 

Toering: ‘De FNP sit hieltyd mear yn de lift. Wy kinne rekkenje op in grut oantal warbere frijwilligers en betroubere politisi. Wy binne woartele yn de Fryske mienskip. Wy fiere in konstruktive en fernijende polityk. Wy doare bûten de fersliten kaders fan de lanlike partijen te sjen. Wy sitte net fêst oan Haachske belangen. It is by ús "in man in man, in wurd in wurd". It is dúdlik dat de Friezen sels saken regelje wolle mei minder sintraal Haachsk belied.'

 

De ferkiezings yn de nije gemeente Súdwest Fryslân, dêr't de FNP as winner útkaam, passe yn in lange opgeande line fan groei fan de partij. De nije polityk lieder tinkt dat de FNP op basis fan dizze trend by de steateferkiezings fan 5 nei 6 of 7 sitten groeie kin.

 

 

Taheakke: Definitive FNP kandidatelist Steaten 2011



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling