FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

Annigje Toering oan alle FNP kiezers

Reaksje op offisjele útslach ferkiezings 2 maart 2011

 FNP Annigje Toering  

'Wy hawwe ús as FNP steande holden yn it lanlike geweld. Wy bliuwe de 4e partij yn Fryslân en de grutste regionale partij fan Nederlân.'

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toering@sis.fryslan.nl

 

 

 
 

Oan alle FNP'ers, oan ús kiezers,

 

Ik bin grutsk op wat wy as partij wer sjen litten hawwe, dizze kampanje. Safolle frijwilligers, safolle minsken dy't har ynsette foar it Fryske ideaal... Gjin oare partij dy ús dat nei docht. Wy hawwe ús dêrtroch as FNP steande holden yn it lanlike geweld. Wy bliuwe de 4e partij yn Fryslân en de grutste regionale partij fan Nederlân.

 

Tagelyk moatte wy fêststelle dat dizze ferkiezings bot ûnder ynfloed stiene fan de lanlike polityk. Dat de lanlike partijen der lanlike ferkiezings fan makke hawwe, is de reden dat in soad minsken strategysk en lanlik stimd hawwe. It feit dat Rutte, Wilders en Pechtold mar mei de eagen knipperje hoege om yn de krante en op tv te kommen, hat in grut neidiel foar ús west

 

Mar it hat ús ek wat posityfs opsmiten: Wy binne ûntdutsen troch de lannelike media. De FNP hat sjen litten wêr ‘t de partij sterk yn is. Ticht by de minsken.

Yn 7 gemeenten hawwe wy winst boekt.

Us jongerein is dúdlik yn byld kommen. En wy binne de fjirde partij fan Fryslân bleaun!

 

De 4 sitten dy't wy no yn de Steaten krije, sille wy brûke om noch mear foar Fryslân en de Friezen te beskreppen  

Ik bliuw grutsk op Fryslân en de FNP.

 

Annigje Toering

 

 

 

Taheakke:

 

Offisjele útslach ferkiezings 2 maart 2011

 

Parseberjocht PS útslach ferkiezings 2 maart 2011

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling