FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

FNP aksje mega-wynmûnen mei Zeppelin

Ballon 100 m heech by Reduzum

 

De FNP lit moandei 28 febrewaris 2011 tusken Reduzum en Idaerd in zeppelin-ballon op. Sa wol de partij sjen litte hoe heech de mega-wynmûnen yn Fryslân wurde kinne. Direkte oanlieding binne plannen fan sawol de provinsje Fryslân as fan de gemeente Boarnsterhim om wynmûneparken ta te stean mei mega-wynmûnen fan respektivelik 150 en 60 meter ashichte. Ek yn oare Fryske gemeenten (bygelyks It Bilt, Dongeradiel) spilet dizze diskusje. De FNP is fanwege de oantaasting fan it lânskip en de diskutabele netto opbringst poer op dy plannen tsjin en pleitet foar alternativen.

 

wynmunen

De zeppelin fan 8,5 meter lingte wurdt tusken 08.00 en 08.30 oplitten en is dan de hiele dei te sjen (oant 16.30). Mei de kabel dêr't de zeppelin oan fêstsit kinne jo oan de meter-trepkes sjen hoe heech de zeppelin yn 'e loft hinget. De zeppelin komt op in lokaasje te hingjen dêr't in grutskalich kluster fan wynmolens (tusken 2-10 molens) pland is. It sykgebiet fan dat kluster is rûchwei it gebiet tusken Grou-Idaerd en Friens-Reduzum by de A32 en it spoar tusken Ljouwert en Hearrenfean.

 

Publyk is fan herte wolkom om de zeppelinaksje mei eigen eagen te besjen.

 

 

Plak:

gersfjildsje Ayttawei tsjinoer nûmers 28-30, 9008 SL te Reduzum (dyk fan Reduzum nei Idaerd).

 

Foto mominten:

Oplitten Zeppelin: +/- 08.00-08.30 oere. Oerdeis: 14.00 oere.

 

Rûte:

It handichste is earst nei it doarp Reduzum ta te riden (A32, ôfslach Reduzum/Snits) fia de dyk nei Snits ta en dan troch it doarp Reduzum rjochting Idaerd (hiele tiid rjochttroch). Jo kinne ek oer Wytgaard en dan troch Reduzum rjochting Idaerd.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling