FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

FNP kampanjebus troch Fryslân

Bus fol FNP kopstikken nei Gaasterlân, It Hearrenfean, Drachten, Westereen, Damwâld, Blessum en Snits



Op 26 febrewaris, de sneons foar de ferkiezings foar de Steaten fan Fryslân, giet de FNP mei de top-10 fan de kandidatelist troch hiel Fryslân.

Mei in busfol minsken en in dweilorkest giet de partij fan Gaasterlân, oer It Hearrenfean nei Drachten, oer De Westereen nei Damwâld en dêrnei fia Blessum en Snits wer nei Riis ta. 

 

verkiezingscaravaan 2010 SW hoeke

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Mei-elkoar hopet de grutste regionale partij fan Nederlân sa op ien dei mei noch sa'n 2500 minsken direkt kontakt te hawwen.

 

De FNP giet noch spesjaal nei it doarp Blessum om't TNT dêr gjin folders fan de FNP besoargje koe. Dêrom docht de partij it sels en besoarget de 97 ynwenners fan it plak sels de kampanjefolders. De FNP hat each foar lytse en grutte plakken.

 

 


Oanhingsel(s):
Skema FNP kampanjebus 26 feb 2011


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling