FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

FNP PROGRAM Steateferkiezings 2011

‘In stim foar de FNP is in stim foar de regio yn de Earste Keamer.'

‘In stim foar de FNP is in stim foar de regio yn de Earste Keamer.' Dat sei de beëage listlûker Annigje Toering by it fêststellen fan it ferkiezingsprogram fan de FNP foar de Steateferkiezings. Se wiist der op dat de FNP mei de oare regionale partijen al sûnt 1999 in senator yn de Earste Keamer hat, de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF). Fan 2003 ôf is dat de FNP-er Hindrik ten Hoeve fan Stiens.

 

Neffens Toering bewiist de bemuoienis fan lanlike kopstikken mei de lokale en provinsjale ferkiezings dat it de Haachske partijen net om de regio giet, mar om de machtsferhâldingen yn de Keamer. Se wiisde ûnder oaren op it trochdrukken fan de plannen foar CO2-opslach yn Noardlike en Fryske boaiem. Yn it nije FNP-program wurdt dit mei krêft ôfwiisd. De FNP wol ek gjin proefprojekten mei CO2-opslach.

 

Toering: ‘De belangen fan Fryslân krije dus better har gerak fia in regionale stim yn it parlemint. Fryske keamerleden fan lanlike partijen hawwe it altyd hiel dreech om har eigen partijgenoaten te oertsjûgjen dat der ek noch wat oars is as de Rânestêd. Wêrom soe de Provinsje Fryslân opdoekt wurde moatte omdat der in probleem is mei de grutte stêden yn it Westen? Wy sette dêr in eigen plan tsjinoer foar bestjoerlike fernijing yn Fryslân sels. It giet der om dat wy mei ús eigen gemeenten en provinsje hjir ús eigen dingen dwaan wolle.'

 

De FNP wol neffens it nije ferkiezingsprogram ynvestearje yn bliuwende wurkgelegenheid foar Fryske jongeren. De University Campus, Hegeskoallen, beropsopliedingen en heechweardich trijetalich ûnderwiis steane heech op it ferlanglistje. Ek it moaie Fryske lânskip (‘de hin mei de gouden aaien'), de takomst fan de lânbou en it plattelânsbelied foar leefbere doarpen krije in soad oandacht. De FNP wol dat betelje troch suniger te wêzen mei ‘asfalt en beton' en troch minder amtners.

 

Op 26 novimber is der noch in Algemiene Ledegearkomste fan de FNP. Dan wurdt de definitive kandidatelist foar de Steateferkiezings fêststeld.

 

 


Oanhingsel(s):
FNP program Steateferkiezings 2011
FNP programma Statenverkiezingen 2011


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling