FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

FNP hâldt fan 't Bildt

Partij bringt ferkiezingsprogram no ek yn it Bildtsk

FNP Annigje Toering     

FNP Listlûker Annigje Toering oerlange moandei 14 febrewaris it earste provinsjale Bildtse program oan de foarsitter fan Stichting Ons Bildt, Leendert Ferwerda.

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toering@sis.fryslan.nl

 

 

Dit barde by Mooie Paal, it plak dêr't oan de weryndieling fan 1984 de skieding tusken 't Bildt en it frysktalige Barradiel lei. "Dut is ‘t plak der't in1505 de werkloi út Holland, Seeland en Brabant ‘t nag búttendyks lêgende Billând op gongen om de eerste seedyk, nou de Ouwe-Dyk  an 't lêgen.  Doe onston ‘t Bildts met nag atiten sterke overeenkomsten met 't Hollâns fan de bedikers."

 

FNP h ldt fan it Bildt    Annigje en Leendert Bildts FNP program 

 

"Dut inisjatyf fan de FNP wort bra waardeerd" sa sei Leendert Ferwerda, ek riedslid foar en oprjochter fan de Frije Bilkerts. "De FNP onderstreekt met 't programma in 't Stellingwarfs en 't Bildts de waarde fan 't hewwen fan 'n aigen taal. In ôns gemeente is ‘t brúkken fan ‘t Frys en ‘t Bildts ‘n gesaamlike rykdom. Taal, kultuur en lândskap is as erfgoed fan ôns metnander. De FNP siet en behartigt die belangen".

 

‘De FNP wol hjir mei sjen litte dat it in partij is foar alle Friezen', sei Annigje Toering by de oanbieding. ‘Wy wolle foar alle Friezen - oft sy no Frysk, Bilts of in oare taal prate - mear romte en mear jild foar har eigen kultuer. Dat is in hiel wichtich ûnderdiel fan ús tinken.' Ûnder it motto ‘Ik hâld fan Fryslân' giet de FNP de striid oan yn de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten op 2 maart. En om dat te ûnderstreekjen hienen Annigje Toering en Anna Martha van der Mei, de nûmer 3 op de kandidatelist,  in Falentynskaart foar ‘t Bildt meinommen: FNP hâldt fan 't Bildt.

 

Neffens Annigje Toering giet it de kommende jierren om it fuortbestean fan Fryslân as bestjoersienheid. ‘Yn De Haach is in sterke ûnderstream dy't wol dat Fryslân ferdwynt en opgiet yn in Noardlik lânsdiel. Sa flak foar de ferkiezings doart men dat net lûdop te sizzen, mar aanst nei de ferkiezings komt it werom. Dan wol men ôf fan ús provinsje. De Friezen - ek dy fan ‘t Bildt - binne dêrom ferstannich om op in provinsjale partij te stimmen, fynt Toering. ‘In stim foar de FNP is in stim foar de regio.'



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling