FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

Nijsbrief nr. 4 FNP-kampanje 2011

Gjin nije wynmûnen yn it Fryske lânskip

8 febrewaris 2011

 

Dizze nijsbrief

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de FNP-kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings. Dy ferkiezings wurde hâlden op 2 maart 2011.

Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't sympaty hawwe foar de FNP en syn tinkwrâld.

 

kampanjelogo 2011

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Gjin nije wynmûnen

De befolking wol gjin nije wynmûnen.

Der binne de lanlike partijen mar mei oan. Har haadkantoaren wolle dy grutte wynmûnen al (net yn de Rânestêd fansels, mar by Urk en by it Waad), mar de provinsjale ôfdielings wolle leaver mei de anti-mûne-wyn meiwaaie. Sy witte ûnderhân ek dat de miljeu-opbringst fan de mûnen hieltiid minder wis is en de mûnen dy't men no bouwe wol binne wol hiel, hiel, hiel grut. Dat sil oerlêst en skea jaan.

It joech moaie sitewaasjes yn de Steaten: PvdA, CDA, Grienlinks en VVD dy't harren yn de bocht draaiden. De FNP koe en kin sawat as ienige dúdlik wêze: gjin nije wynmûnen yn Fryslân. It gefjocht oer de wynmûnen sil in wichtich tema wêze yn dizze ferkiezingskampanje.

 

 

Filmke fan 10 febrewaris ôf op tv

Fan 10 febrewaris ôf ferskine der FNP-filmkes op Omrop Fryslân en GPTV. De filmkes wurde ek publisearre fia it FNP-youtube-kanaal http://www.youtube.com/user/fnpfryslan.

Jou jo reaksje fia kampanje@fnp.frl.

 

 

Stikkers foar Hearrenfean-fans

De ôfdieling Hearrenfean fynt dat alle Hearrenfean-fans fan Fryslân hâlde moatte. In FNP-ploech hat derom by de thúswedstryd fan It Fean tsjin Grins tûzenen Ik-hâld-fan-Fryslân-stikkers útdield. En sa as te ferwachtsjen wie: allinne mar positive reaksjes.

 

 

Stellingwerf bliid mei ‘eigen' FNP-programma

De Stellingwerven binne bliid mei de oersetting fan it FNP-programma yn har eigen taal. Dat die bliken doe foarsitter Ype Dijkstra fan de Stellingwarver Schrieversronte it earste eksimplaar krige út hannen fan Frans Koning.

Koning, eigner fan restaurant De Koningshof op It Hearrenfean, stiet op de kandidatelist fan de FNP en praat sels Stellingwerfsk. De Schrieversronte is de wichtichste kulturele ynstelling yn de Stellingwerven.

De FNP wol sjen litte dat hja der is foar alle ynwenners fan Fryslân en dat it stypjen fan minderheidstalen en -kultueren ús tabetroud is.  Op 14 febrewaris wurdt it programma derom ek oanbean yn it Biltsk.

 

Oanbieden programma Stellingwarfs

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Frans Koning biedt foarsitter Ype Dykstra fan de Stellingwarver

Schrieversronte it Stellingwarver FNP program oan. Links op de foto

Leendert Ferwerda fan It Bildt.

 

Trijhoeksbuorden

Om de kampanje te stypjen, litte wy op in stikmannich plakken saneamde ‘trijehoeksbuorden' sette. Dit binne posters op buorden oan lantearnepeallen, op trochgeande diken.

Kritearium foar it pleatsen is hoefolle ferkear der op in plak delkomt. Fierder besykje wy ek ‘wite flekken' te foljen, bygelyks yn Harns en yn De Stellingwerven.

It listke sjocht der sa út: Ljouwert, It Hearrenfean, Boalsert, Frjentsjerteradiel, Dokkum, Tytsjerksteradiel, Gaasterlân, beide Stellingwerven, Dantumadiel, Harns, It Bildt, Opsterlân.

Formeel moat der op in pear plakken noch al fergunning fan de gemeente komme.

 

 

In eigen filmke op de Omrop?

In eigen filmke werom sjen by Omrop Fryslân? Stjoer dat dan yn fia de knop op www.fnp.frl.

Yn it ramt fan de FNP kampanje wurde fan 10 febrewaris ôf koarte filmkes op Omrop Fryslân en GPTV útstjoerd dêr't Friezen op grappige en fleurige wize yn hearre litte dat sy fan Fryslân hâlde.

Sels filmje kin ek. Meitsje sels in moai filmke (maks. 10 sekonden) mei de bern, heit, mem, freonen of wa dan ek. Lit de haadrolspilers einigje mei ‘Ik hâld fan Fryslân'. De film wurdt yn alle gefallen publisearre fia it FNP-youtube-kanaal. De bêsten wurde brûkt by de Omrop.

 

 

Mear kampanjenijs fan de FNP

Mear nijs fan de FNP kinne jo hearre, sjen en lêze fia:

Ynternet: www.fnp.frl

Twitter: http://twitter.com/fnpfryslan

Annigje Toering op Twitter: http://twitter.com/annigjetoering

Hyves: http://fnpfryslan.hyves.nl/

 

 

 

 

 

 

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling